Steenbergen swimt nei EK-goud: "Kippenvelmoment"

Swimster Marrit Steenbergen is yn Ruslân Europeesk kampioen wurden op de 200 meter frije slach. Yn it 25-meterbad tikte se oan nei 1.52,75, in dik persoanlik rekôr.
Marrit Steenbergen toant har gouden medalje © ANP
"Een medaille halen op een toernooi is al heel bijzonder", sei in blide Steenbergen nei ôfrin tsjin Omrop Fryslân. "Dat ik goud pak, blijft me altijd bij. Supergaaf om mee te maken, dat het Wilhelmus voor jou gespeeld wordt. Dat is een kippenvelmoment."
Steenbergen lei fan it begjin ôf oan kop. Har foarsprong waard allinnich mar grutter. "Je ziet tijdens de race wel dat je goed ligt, dat je een voorsprong hebt. Maar als je aantikt, heb je toch even de bevestiging nodig."
Marrit Steenbergen fiert har EK-titel © ANP
Dy befêstiging kaam: har finish op de nûmer twa, Barbora Seemanová (Wyt-Ruslân), wie 0,83 sekonde. Katja Fain út Slovenië waard tredde op mear as in sekonde efterstân.

Rappe tiid ekstra druk

De 21-jierrige swimster fan Easterwâlde hie har mei de rapste tiid pleatst foar de finale yn Kazan. "Dat gaf wel vertrouwen. Maar het is wel een nieuwe dag en niet iedereen gaat altijd volle bak in de halve finale, dus het kan een vertekend beeld geven. Je weet wel dat er iets mogelijk is. Het geeft ook extra druk, al hoort dat er een beetje bij."
Ik zit lekker in m'n vel. Dan kan ik gewoon echt goed zwemmen.
Marrit Steenbergen
Steenbergen ferbettere har persoanlike rekôrs op de 100 én 200 meter frije slach dizze wike mei in flinke hap. Op de 200 meter mei sân tsienden. "Dat is wel veel", laket se. "Of ik in de vorm van m'n leven verkeer, dat weet ik niet. Maar ik zit lekker in m'n vel. Dan kan ik gewoon echt goed zwemmen."
Foar de finale wie Steenbergen noch beskieden: se wol harsels net te folle druk oplizze
It goud is foar Steenbergen har tredde ynternasjonale medalje. Freed pakte se brûns op de 100 meter frije slach. Dyselde kleur wûn se yn 2015 ek alris op de 100 meter wikselslach, doe ek op it EK koartebaan.