Resinsje: de slachter as hegepryster tsjin de massakonsumpsje

It begûn allegear sa aardich by de foarstelling Slachtvisite fan Peergroup. Oan lange tafels yn it pop-up restaurant yn it molkfabryk yn Burgum waarden de besikers in diner foarset fan fjouwer gongen: 'venkelworst, botten bouillon en Porchetta (gekruide buik)'.
© Omrop Fryslân, Henk te Biesebeek
Net samar wat gerjochtsjes, sa fertelde artistyk lieder Dirk Bruinsma fan de Peergroup. Mar allegearre makke mei it fleis fan in baarch, dy't spesjaal foar dizze foarstelling slachte wie. En, sa sei Bruinsma mei klam, alle slacht waard brûkt foar konsumpsje. Fan fleis, organen oant bonken ta. Neat waard fuortsmiten.

Besite yn de slachtmoanne

Eartiids in fêst ritueel by boeren. Alle jieren yn novimber, de slachtmoanne, kaam de slachter del om in baarch of in ko te slachtsjen. Famylje, personiel en buorlju holpen dan mei. Om nei ôfrin mei-inoar op te iten wat net bewarre bliuwe koe. Slachtvisite waard dat neamd, sa fertelde âld-slachter Gerard Kwak út Winterswijk, dy't by ús oan tafel siet.
Hy hat der in hiel boek oer skreaun. Hoe't bist en minske doedestiids folle tichter byinoar stiene. Hoe't de baarch, dy't slachte waard, by libben frij en tefreden omrinne koe. Kwak fertelde fierder dat sûnt 1955 net mear thússlachte wurdt. Mar op in inkeld plak, sa as de museumbuorkerij yn Zelhem, wurdt in slachtvisite noch neispile. En dizze moanne dus ek yn Burgum.
En dan meie de gasten in koptelefoan opsette en wurde as bargen nei it slachthús 'dreaun'. De eardere sintrifúzjehal fan it âld-suvelfabryk. Dêr leit op in tafel de oare helte fan de baarch opbierre. Sadat eltsenien in yndruk krijt hoe't sa'n bist der anatomysk útsjocht. "En ferhip ja, dat stikje haw ik sakrekt noch iten, dochs".

De konsumpsjemaatskippij

Dan set aktrise Gonca Karasu troch de speakers en yn fideobyld op de tegeltsjemuorre útein mei in ferhaal oer de konsumpsjemaatskippij. Hoe't de lytse bargeboer nei skaalfergrutting ferwurde ta in massaprodusint. Hoe't bargen tsjinwurdich sûnder gefoel of emoasje fokt wurde. Hoe't de bisten mei earst stroomstjitten krije foar't se dea makke wurde. Hoe't by grutte oantallen de bisten in lift yndreaun wurde om nei ferstikking úteinlik as karbonade yn in plestik bakje yn de supermerk te einigjen.
Dat boadskip wurdt nochris sterker, skerper, oanset troch de fideoprojeksjes, de animaasjes en muzyk. Hoe yntelligint baarchjes wol net binne. Sy rûke seis kear better as in hûn. En lykje anatomysk sa op de minske dat har hertklep minsken rêde kin.
En krekt as ik tink, út begrutsjen mei it leed fan bargen dy't allinnich foar de slacht op de wrâld set wurde, dat ik nea wer in stikje bargefleis ite sil, komme twa slachters binnen. Yn swarte klean, wite skelken, grutte messen. De beulen, is de earste gedachte dy't yn my opkomt. De grize giet my oer de grouwe.

Wekker skodzje

De Peergroup docht ek dit kear wer dêr't se goed yn is. Konfrontaasje. Wekker skodzje. En dan komt in oar ferhaal troch de speakers. Dat der bêst in oplossing is foar de massakonsumpsje en alle negative effekten dy't dat mei har meibringt. Dat dy by ús sels leit.
Dat de macht fan de grutte supermerken beheind wurde moat. Dat wy werom moatte nei lytsere fokkers mei skarrelbargen, Yn stee fan opsletten tusken kâldstielen hikken. En werom nei de ambachtlike slachters.
© Omrop Fryslân, Henk te Biesebeek
Artistyk lieder Bruinsma hat foar de foarstelling de gearwurking socht mei tsien ambachtlike slachters út Fryslân. Dizze jûn spylje Sjouke Bouma fan Sint-Nyk en Jouke Klijn fan Burgum de haadrol. Yn in healoere litte beide manlje live foar it publyk sjen hoe't de heale baarch stadichoan werombrocht wurdt ta hapklear iten.
Yndied mei grutte messen, wylst no en dan der sels in seage oan te pas komt. Mar ek mei tawijing en respekt. Troch de útljochte sênen krijt it gehiel wat plechtichs. Krekt of we by in mis binne yn in katedraal. Mei de slachters as hegeprysters by it altaar. Dat him stadichoan follet mei de fleisprodukten sa as we dy kinne.
De woarst, de rizel, de oprôle bargebúk as porchetta. Opdat we net ferjitte wat we alle dagen op ús board krije. It boadskip is oerkommen. Beide slachters nimme it applaus mei in djippe bûging yn ûntfangst.

Gjin pulled pork mear

Nei ôfrin kin yn it restaurant noch in broadsje 'pulled pork' iten wurde. Mar ik ha genôch hân. Genôch om noch inkele dagen op te werkôgjen. En o ja, it fleis dat de slachters dizze jûn útbonke hawwe, sil de oare deis brûkt wurde foar it diner by de nije foarstelling. Neat wurdt fuortsmiten!
Slachtvisite troch Peergroup yn it molkfabryk yn Burgum is noch oant ein novimber te sjen.