Harkemase Boys set befeiligers yn foar nije coronaregels

06 nov 2021 - 10:59

Fuotbalferiening Harkemase Boys set befeiligers yn om te kontrolearjen op it coronatagongsbewiis by minsken dy't de kantine yn wolle. "Dat wolle we ús frijwilligers fan 18 of 19 jier net oandwaan", seit foarsitter Sippe Heeringa.

Sippe Heeringa - Foto: Orange Pictures

Wa't yn de fuotbalkantines wat ite of drinke woe, moast de ôfrûne wiken al beskikke oer in QR-koade. Fan hjoed ôf moat it tagongsbewiis op mear plakken toand wurde: ek as minsken wat ophelje wolle út de kantine, nei it húske moatte of op it terras foar de kantine sitte wolle.

"Wy kinne en wolle ús eigen frijwilligers dêr net mei opsadelje", seit Heeringa. "Krijst diskusjes by de yngong fan de kantine, it terras en de klaaikeamers."

Polsbantsje by QR-koade

As alles neffens plan giet, dan leaut Heeringa dat it allegear goedkomt. "It is net hiel bysûnder: de befeiligers sille de QR-koade tsjekke fan minsken dy't nei binnen ta wolle. Wa't in koade hat, krijt in polsbantsje. Ast gjin koade hast, dan meist net yn de kantine of op it terras."

De foarsitter seit dat dat foar it publyk gjin probleem hoecht te wêzen. "Dan moatst efkes by ien fan de ferkeappunten lâns it fjild in bakje kofje helje."

Kian Visser fiert in doelpunt mei it publyk fan Harkemase Boys - Foto: Orange Pictures

De sportklups ha in pear drokke dagen hân. It demisjonêre kabinet kundige tiisdeitejûn nije maatregels oan, woansdei hat de Twadde Keamer de maatregels wer oanpast en by Harkemase Boys ha se tongersdei ynformaasje krigen fan sportkoepel NOC*NSF. "En freed pas mail fan de KNVB. Yn dy termyn is it net te regeljen."

Al tweintich moannen

It bestjoer fan de treddedivyzjonist hat tongersdeitejûn oant 23.00 oere om tafel sitten. "Flak foar de ein fan de gearkomste ha we befeiligers fine kind. Dy betelje we earst sels. De regel is ús oplein en wy wolle ús deroan hâlde. Dat dogge we al tweintich moannen."

As we dit aanst seis dagen yn 'e wike dwaan moatte? Dat kin net.

SIppe Heeringa (foarsitter Harkemase Boys)

In spesjaal potsje mei jild foar sokke maatregels ha se by Harkemase Byos net. "Dat ha we net begrutte. As je in kear wat befeiligers by in wedstriid ynhiere moatte, dat is prima. Mar as we dit aanst seis dagen yn 'e wike dwaan moatte? Dat kin net."

Staphorst

Harkemase Boys spilet sneontemiddei om 14.30 oere thús tsjin Staphorst. Fiif oare wedstriden yn de kompetysje geane net troch fanwegen coronagefallen. It jout oan dat de maatregels net foar neat binne.

Heeringa ferwachtet dat de wedstriid yn De Harkema trochgean kin. "Ik ha mei de foarsitter fan Staphorst kontakt hân. Dy spilers ha allegear de QR-koade."

(Advertinsje)
(Advertinsje)