Pûden en jerrycans yn de berm: drugsôffal by Kûbaard fûn
Op de Slachte yn Kûbaard is drugsôffal njonken de dyk fûn. It giet om tsientallen swarte ôffalpûden en jerrycans, dy't yn de berm soald binne.
It giet om de dyk westlik fan Kûbaard, tusken de buorskip Swarte Beien en de Krabbedyk. De plysje fan Súdwest-Fryslân siket tsjûgen fan it dumpen. It himpôffal is freed oantroffen.