Fryske frijwilligers op 19 lokaasjes yn 't spier foar de Natuerwurkdei

Op 19 lokaasjes yn Fryslân binne frijwilligers freed en sneon yn 't spier om de natuer wat moaier te meitsjen. Yn it ramt fan it lanlike inisjatyf fan de Natuurwerkdag wurde bollen plante, beamkes fuorthelle en heide opskjinne.
© Landschapsbeheer Friesland
"It measte giet om snoei- en ûnderhâldswurk", leit Wiebe Bouma fan Landschapsbeheer Friesland út. Dizze natuerorganisaasje is oansletten by de lanlike dei. "Mar je kinne ek beammen plantsje of rillen oanlizze. It kin likegoed yn natuergebieten as yn doarpen."
De measte frijwilligers dogge wol faker mei oan de dei, seit Bouma. "It oantal minsken dat by in put meidocht is yn Fryslân wol heech. Yn totaal dogge 8.000 minsken mei oan sa'n 500 putten troch hiel Nederlân."
Wiebe Bouma
De 19 putten yn Fryslân binne by Akkrum, Oranjewâld, De Lemmer, Jelsum, Appelskea, Skylge, Flylân, Feankleaster, Damwâld, Sumar, Noardburgum, Ljouwert, Hurdegaryp, Drachtsterkompenije, Lúnbert, Wynjewâld en De Himrik.
Bouma is sneon ek warber yn de natuer. "Minsken kinne har noch oanmelde op de webside fan Natuurwerkdag", seit hy.