Brân by ôffalferwurker op It Hearrenfean soarge foar in soad reek

06 nov 2021 - 07:08

Op It Hearrenfean hat yn de nacht fan freed op sneon brân west by in ôffalferwurker oan de Denemarkendreef. Dat barde op it bedriuweterrein Haskerveen, njonken de A7. Der kaam in soad reek by de brân frij.

Foto: Noordernieuws

De brânwacht miende earst dat de brân ûnder in oerkaping wie. Letter die bliken dat der in bulte ôffal yn in loads yn 'e brân stie. Der binne twa brânwachtweinen en in heechwurker ynset.

Om healwei fiven hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle, dêrnei it is ôffal útinoar helle om derfoar te soargjen dat it fjoer net wer oplôgje soe. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de brân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)