Froulju Hearrenfean en Drachtster Boys frustrearje klups út Den Haag

De froulju fan sc Hearrenfean hawwe freedtejûn mei 1-0 wûn fan ADO Den Haag. Yn de seal wie Drachtster Boys ek te sterk foar in klup út Den Haag. Tsjin zvv Den Haag waard it 5-4. Libertas ferlear fan OS Lusitanos (4-7).
© Orange Pictures
Hearrenfean hie foarôfgeand oan de wedstriid trije punten minder as ADO Den Haag. De Friezen soenen dus op likense hichte komme by in oerwinning. Hearrenfean begûn goed oan de wedstriid: Zoï van de Ven iepene de skoare yn de 16de minút.
Dêrnei krige ADO in pear goede kânsen op de lykmakker, mar Hearrenfean koe stânhâlde. Yn de twadde helte beheinden de Friezen harren benammen ta ferdigenjen. ADO krige in protte kânsen, mar de bal woe der net yn. Sa pakt Hearrenfean trije wichtige punten.

Drachtster Boys bliuwt koprinner

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys spilen in spektakulêre wedstriid tsjin Den Haag. Troch doelpunten fan Esther van Toledo en Suzanna Deckers wie it al fluch 2-0. Den Haag wie benammen yn de counter gefaarlik en fia Samantha Chin A Sang, Priscilla de Vos en Giga Vandeuren draaiden sy de wedstriid hielendal om: 2-3.
Krekt foar it skoft makke Jessie Prijs wer lyk: 3-3. Yn de twadde helte naam Drachtster Boys wer it inisjatyf. Van Toledo makke har twadde en Prijs tilde de skoare nei 5-3. Samia Kaaouane die noch wol wat werom (5-4), mar Drachtster Boys luts de foarsprong oer de streek. Drachten bliuwt dêrmei koprinner yn de earedivyzje.

Ferlies Libertas

Libertas slagge der net yn te winnen. Tsjin OS Lusitanos ferlear it mei 4-7. De ploech út Damwâld krige genôch kânsen en makke ek sân doelpunten, mar dêrfan wienen der wol trije yn it ferkearde goal.