Provinsje: tekst evenemintebelied wurdt ferkeard begrepen

De provinsje Fryslân giet opnij oan de slach mei de regels foar eveneminten yn de buert fan natuergebieten. It belied sa't dat earder dizze wike oankundige waard, kaam de provinsje op in soad krityk te stean.
In feesttinte © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Politisy en bestjoerders fûnen dat de provinsje trochsloech mei de nije regels. FNP-riedslid Aant-Jelle Soepboer fan Noardeast-Fryslân sei bygelyks dat it foar frijwilligers en doarpsbelangen in poepetoer wurde soe om de fergunning foar in doarpsfeest rûn te krijen.
Boppedat waarden gemeenten ferrast. Sa sei wethâlder Jouke Spoelstra fan Achtkarspelen dat hy op bestjoerlik nivo net op de hichte brocht is. Hy foarseach ek problemen mei eveneminten, lykas de Profronde yn Surhústerfean en buertbarbecues.

Soad reaksjes

Yn in brief skriuwe Deputearre Steaten no dat se nei de oankundiging fan de regels in soad reaksjes krigen ha út de mienskip, eveneminteorganisatoaren en gemeenten. "Uit deze reacties is helaas gebleken dat de beleidsregels in hun huidige vorm leiden tot veel onduidelijkheid en tot meerdere interpretaties kunnen leiden", stiet yn de brief.
Dat wie net de bedoeling, neffens Deputearre Steaten. Dy sille no de tekst fan de nije regels feroarje. Dêrnjonken skriuwe se dat de regels net nij binne, mar opsteld binne om foar dúdlikheid te soargjen foar organisatoaren. In mooglike fergunningsproseduere moat dan soepeler ferrinne. Ofrûne jierren gongen ferskate festivals net troch nei lang harrewarjen oer fergunningen.

'Yn measte gefallen feroaret neat'

"In de praktijk betekent dit dat er in de meeste gevallen niets zal veranderen voor de organisator van een evenement door deze nieuwe beleidsregels", stiet yn de brief.
Lytse eveneminten moatte der net allegear wurk fan krije. In lytsskalich evenemint dat bygelyks ien dei duorret, hoecht gewoanwei net in ûntheffing te krijen. Dan is gjin ekologysk ûndersyk nedich.