Roberts Uldrikis op 'e nij yn de basis by SC Cambuur

Roberts Uldrikis stiet sneon op 'e nij yn de basis by SC Cambuur. De spits krige ôfrûne wike tsjin RKC Waalwijk foar it earst de foarkar boppe de oare spits, Tom Boere.
Trainer Henk de Jong foar it duel mei PEC Zwolle:
Trainer Henk de Jong sjocht gjin reden om dat wer te feroarjen. Hy is tefreden oer de lange Let. "Roberts die it goed yn it druk setten en it is echt in oanspylpunt. It kin oer de grûn en troch de loft. We ha der wol in wapen by."
De reaksje dy't Boere jout, stimt De Jong ek posityf. "It is in teamplayer, dy't knokt. Hy komt wol werom", ferwachtet de Drachtster coach. Fierder sil hy nei alle gedachten neat feroarje yn syn opstelling. Of David Sambissa, dy't ferline wike blessearre útfoel, moat net ynsetber wêze. "Ik moat aanst efkes mei him oerlizze. Hy moat topfit wêze. Oars is Nick Doodeman der."
© Orange Pictures
SC Cambuur is de nûmer alve fan de earedivyzje. Tsjinstanner PEC Zwolle stiet lêste. It pakte út alve wedstriden mar fjouwer punten. "Ik fyn dat se te leech steane, hielendal kwa fuotbal de lêste wiken", seit De Jong.
Wat wurdt it striidplan fan de Ljouwerters tsjin de hikkesluter? "Dat sjochst moarn wol. PEC is net gek. Dy lústerje ek alles fan ús ôf. We dogge ús eigen ding."
Wat dat oanbelanget, hat de technyske stêf fan Cambuur leard fan ferline seizoen, sa seit De Jong. "Foarich jier trainden we eltse kear taktysk foar in tsjinstanner, dan kamen we dêr en hiene se in hiel oar systeem."
It duel tusken SC Cambuur en PEC Zwolle begjint sneontejûn om njoggen oere. It is live te folgjen, mei kommentaar fan ferslachjouwer Andor Faber, yn in ekstra sportprogramma op de radio. Dat begjint al om healweis sânen mei NEC tsjin sc Hearrenfean en ferslachjouwer Roelof de Vries. Dêrnjonken is der ek omtinken foar de tredde wedstriid fan it maratonriden yn Thialf, wêr't ferslachjouwer Arjen de Boer by is.