GGD Fryslân: it tal coronabesmettingen yn tehuzen en thússoarch rint hurd op

It oantal coronabesmettingen yn ferpleech- en fersoargingshuzen rint hurd op, sjocht GGD Fryslân. Benammen ûnder bewenners lôget it firus op. Yn de thússoarch binne de sifers sels hast ferdûbele yn ferliking mei in wike earder.
© ANP
It coronafirus komt de ferpleech- en fersoargingshuzen wer binnen, konkludearret GGD Fryslân. Op dit stuit binne der sân besmettingsklusters yn tehuzen. By twa dêrfan giet it om mear as tsien besmettingen. It tal positive testen is oprûn nei 134 yn ien wike.
It giet benammen om bewenners. "Yn in tehûs wenje minsken ticht opinoar. Net eltsenien wurdt der like siik fan, mar âlderein hat net altyd mear in goed ymmúnsysteem", seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân
De âlderein wurdt goed test, mar it giet om in kwetsbere groep. "Der is ek in soad soarch útsteld, der komt in grypweach oan en der binne wer ferkâldensklachten dy't spylje. Wy moatte no yngripe. It sil noch in pear wiken oprinne, mar as wy no net yngripe komme wy de winter net troch mei de soarch."

Coronasintrum wer fol

De Graaf fertelt dat it Coronacentrum Friesland op It Hearrenfean op dit stuit wer fol leit. Yn dat covid-hûs wurdt soarch jûn oan kwetsbere âlderein dy't besmet binne mei it firus.
"Takom wike hawwe wy in dreech petear mei de âldereinsoarch om genôch personiel te krijen", seit De Graaf. "Dat is it grutste probleem: it personiel is wurch en de solidariteit mei net-faksinearre minsken nimt ôf."
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân © Omrop Fryslân
Yn de thússoarch rûnen de sifers op nei 85 positive testen. Ferline wike wie it noch 43. Thúswenjende âlderein is in risikogroep foar de GGD, benammen as de sûnens wat minder is.

Utbraken by de thússoarch

By thússoarch-organisaasje Het Friese Land sjogge se ek in tanimming. Der binne trije útbraakgebieten: yn it midden en noardeasten fan Fryslân, en boppe Ljouwert. "Daar zien we dat het aantal cliënten en medewerkers dat positief test weer stijgt", leit Johanna Rinsma fan Het Friese Land út.
Neffens har giet it yn de measte gefallen om in doarp, dêr't sa'n seis klanten besmet binne en in lyk tal meiwurkers fan in team. It betsjut dat de regels wer stranger moatte. "We blijven onze zorg leveren, maar wel met beschermende maatregelen en materialen." Dat wurdt ek dien om't de thússoarchorganisaasje likegoed fan kliïnten as meiwurkers net wit wa't der faksinearre is en wa net.
© ANP
It giet noch goed, mar de druk op it personiel is wol heech, seit Rinsma. Sy fertelt dat it Regionaal Orgaan Niet Acute Zorg woansdei wer byinoar komt. "Omdat we wel zoiets hebben dat we er klaar voor moeten zijn als de grenzen bereikt zijn."
Johanna Rinsma fan thússoarch Het Friese Land
It oantal nije coronabesmettingen yn Fryslân hat noch nea earder sa heech west as yn de ôfrûne wike, mei 1.943 positive testen. It oantal besmettingen giet yn alle leeftiidsgroepen omheech.
Op dit stuit lizze der 36 minsken mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen. "As je net faksinearre binne is de kâns sa'n 33 kear grutter om yn it sikehûs te bedarjen", leit De Graaf út. "Minsken kinne mei in faksinaasje noch hieltyd it firus oprinne, mar de kâns dat je yn it sikhûs telâne komme is folle lytser."

Faksinaasjes yn Fryslân stabyl

Nei it ôfkundigjen fan de nije coronamaatregels seach de GGD lanlik in tanimming yn it tal faksinaasjeôfspraken. It totaal oantal faksinaasjes yn Fryslân is mei 3.682 prikken yn Fryslân stabyl bleaun.
Fan begjin desimber ôf kinne alle mobile minsken fan 80 jier en âlder in 'boosterprik' helje by de GGD. Bewenners fan soarchynstellingen kinne yn it tehûs sels in prik krije, ek soarchmeiwurkers komme yn oanmerking. Fan jannewaris ôf krijt de groep tusken de 60-80 jier in útnûging.
"It is wol spitich dat it firus ús hieltyd in stapke foar is. In nije fariant is wer besmetliker as in âlde fariant, dêrom moat de faksinaasjegraad hieltyd mear omheech", sa beslút De Graaf.