Noardeast-Fryslân bliuwt Fryske brânkearn fan coronabesmettingen

Noch nea earder binne yn ien wike safolle coronabesmettingen yn Fryslân fêststeld as de ôfrûne wike. It wienen der 1.950. Dat is sa'n 22 prosint mear as in wike lyn. Relatyf binne opnij de measte besmettingen fêststeld yn Noardeast-Fryslân.
By in faksinaasjelokaasje fan GGD Fryslân © Omrop Fryslân
Gemiddeld binne der yn Fryslân de ôfrûne wike alle dagen 279 besmettingen by kaam. Ferline wike wie dat trochsneed 230, noch in wike earder 160.
Yn de gemeente Ljouwert binne de measte besmettingen fêststeld: 268 kear. Relatyf sjoen giet it yn Ljouwert in stik better as yn in protte oare gemeenten.

Noardeast-Fryslân omrekkene measte besmettingen

Omrekkene nei it tal ynwenners leit it tal besmettingen opnij it heechst yn Noardeast-Fryslân. Foar elke 100.000 ynwenners binne dêr dizze wike 500 besmettingen fêststeld. Flak dêrnei komt Dantumadiel mei 497.
De iennige twa gemeenten dy't noch op minder as 100 besmettingen op 100.000 ynwenners sitte, binne Flylân (87) en Skiermûntseach (0). Ferline wike sieten noch acht fan de achttjin Fryske gemeenten ûnder de 100.

Trije stjergefallen, njoggen sikehûsopnamen

Yn de ôfrûne wike binne der trije Friezen ferstoarn oan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân, Tytsjerksteradiel en Ljouwert.
Njoggen Friezen binne mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat giet om ynwenners fan Smellingerlân (2), Tytsjerksteradiel (2), Waadhoeke (2), De Fryske Marren (1), Noardeast-Fryslân (1) en Súdwest-Fryslân (1).
Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Hast 60.000 kear corona fêststeld

Mei de 1.950 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal 59.986 it coronafirus fêststeld yn Fryslân.
It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit op 497. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Faksinaasjegraad 78 prosint

De faksinaasjegraad yn Fryslân leit ûnder it lanlik trochsneed. Fan alle Friezen fan tolve jier en âlder is 78 prosint folslein faksinearre. Lanlik is dat 82,1 prosint.
Yn Achtkarspelen en Dantumadiel is de faksinaasjegraad ûnder 12-plussers it leechst fan alle Fryske gemeenten: 71 prosint. Noardeast-Fryslân sit der krekt wat boppe: 75 prosint.
Sjoch op de kaart hoe't de faksinaasjegraad yn dyn gemeente is (docht de kaart it net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
30 oktober - 5 novimber 1.950 3
22 oktober - 29 oktober 1.603 3
15 oktober - 21 oktober 1.119 2
8 oktober - 14 oktober 779 1
1 oktober - 7 oktober 502 0
24 septimber - 30 septimber 530 0
17 septimber - 23 septimber 598 0
10 septimber - 16 septimber 876 1
3 septimber - 9 septimber 988 1
27 augustus - 2 septimber 755 0
20 augustus - 26 augustus 737 0
13 augustus - 19 augustus 547 1
6 augustus - 12 augustus 535 2
30 july - 5 augustus 589 2
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0