Earste flechtlingen oankaam by opfanglokaasje WTC yn Ljouwert

Yn it WTC yn Ljouwert binne tongersdeitemiddei de earste flechtlingen oankaam, dy't dêr de kommende moannen opfongen wurde. It giet om in groep fan sawat fyftich minsken. Freed komme der nochris tritich.
Earste bus mei flechtlingen oankaam by WTC Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Yn it WTC yn Ljouwert is plak foar seishûndert minsken. De flechtlingen kamen oan mei in bus. Neffens it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) giet it om allinnichsteanden en húshâldingen út ferskillende lannen. Op it stuit komme de measten út Afganistan, Jemen en Turkije.
In soad minsken hawwe harren al oanmeld om les te jaan en mei te helpen op de skoalle foar de asylsikersbern. Dêr stiet benammen it learen fan de Nederlânske taal sintraal. Mar der wurdt ek rekkenjen jûn.