Noardlike sikehûzen skale reguliere soarch wer ôf

04 nov 2021 - 20:40

De noardlike sikehûzen skale de reguliere soarch ôf. Reden is dat de sikehûzen mear romte frijmeitsje moatte foar coronasoarch.

Fersoarging fan in coronapasjint - Foto: ANP

Yn de sikehûzen yn Fryslân, Grinslân en Drinte is der in rappe groei fan it tal opnamen fan coronapasjinten. In part fan de plande soarch wurdt dêrom tydlik útsteld.

"Er wordt alles aan gedaan om de kritieke, niet-uitstelbare zorg door te laten gaan", skriuwt it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland (AZNN).

Langer wachtsje op operaasjes

Minsken dy't op in wachtlist steane, moatte no mooglik langer wachtsje op har operaasje. "De ziekenhuizen beseffen dat dit een vervelende boodschap is. Ook vraagt dit besluit opnieuw veel flexibiliteit van onze zorgmedewerkers."

Yn hiel Nederlân lizze op it stuit goed 1.300 coronapasjinten yn de sikehûzen, wêrfan 270 op de intensive care. As de groei trochset, binne der oer twa wiken mear as 2.100 coronapasjinten yn de sikehûzen.

Situaasje noardlike sikehûzen

It AZNN bringt ien kear yn de wike, op tiisdeis, sifers nei bûten oer de situaasje yn de noardlike sikehûzen. Ofrûne tiisdei leinen yn de noardlike trije provinsjes 70 coronapasjinten, wêrfan achttjin op de intensive care. Yn Fryslân giet it om 31 yn totaal, wêrfan fiif op de IC.

Tal pasjinten mei corona yn de Fryske sikehuzen, sifers fan tiisdei 2 novimber (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

As it moat, dan kin Nederlân mei de coronapasjinten op de intensive care wer útwike nei Dútslân. Mar dat is ek net ûnbeheind, warskôget Van der Zee. "Het hangt ervan af hoe het zich in de komende dagen of weken ontwikkelt. Ook in Duitsland is er een capaciteitsprobleem. Dat wordt veroorzaakt doordat er te weinig personeel is om de bedden te bezetten. Die bedden zijn er wel, de bemensing niet."

It personiel rint al in skoft op it toskfleis. "Dat is dé complicerende factor", seit Van der Zee. "Op zich heel begrijpelijk, want dit duurt al anderhalf tot twee jaar. Er wordt continu een enorme inspanning van ons personeel gevraagd. Dat heeft een enorme impact. Ze zijn bezig met een soort marathon, dat is gewoon heel zwaar."

Van der Zee doart net te sizzen hoelang't de sikehûzen it noch folhâlde. "De belangrijkste vraag is: hoelang móéten we het volhouden? Dat hangt af van het aantal besmettingen. En dat hangt weer af van of mensen zich laten vaccineren."

Dêrby sjocht Van der Zee mei spesjale oandacht nei Fryslân. "In het noorden is Fryslân de provincie met de laagste vaccinatiegraad. Daar moeten we wat aan doen. Dat gebeurt gelukkig ook al."

In faksinaasje slút net út dat minsken mei corona yn it sikehûs telâne komme, mar it beheint it wol in hiel soad. Van der Zee: "We zien ook dat er na vaccinatie nog mensen in het ziekenhuis komen, maar dat zijn er relatief veel minder dan mensen die ongevaccineerd zijn. Dat is dus een ding: vaccineren, vaccineren, vaccineren."

Mar der is mear: "Houd je aan de regels. Zorg ervoor dat we elkaar niet besmetten. Met name als je niet gevaccineerd bent, kunnen de gevolgen veel groter zijn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)