Legale himpkwekerij wurdt ynrjochte yn Smellingerlân

04 nov 2021 - 16:44

Yn Smellingerlân is it bedriuw LeLi Holland begûn mei it ynrjochtsjen fan in legale himpkwekerij. De gemeente Smellingerlân docht mei oare gemeenten mei oan in eksperimint fan it Ryk mei it legaal produsearjen fan himp.

Foto: Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)

Mei-inoar binne no sân kwekers offisjeel oanwiisd om himp en hasj te produsearjen. Sy bepale yn oerlis mei de boargemasters en de ministearjes fan Justysje en Feilichheid en fan Folkssûnens wannear't se begjinne mei it leverjen fan de softdrugs oan coffeeshops. Dat sil dan wêze yn tsien dielnimmende gemeenten. By de sân himpkwekers komme letter noch trije ekstra kwekers, sadat it totaaltal ek op tsien útkomt.

Kwaliteit

It is fan belang dat it oanbod fan de kwekers genôch is om de coffeeshops fan foarried te foarsjen. De kwaliteit en de diversiteit fan de produkten moat ek yn oarder wêze. De kwekers soene dan yn de twadde helte fan takom jier dan ek echt los kinne. It is de bedoeling dat de coffeeshops úteinlik allinnich noch mar legaal produsearre himpprodukten ferkeapje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)