Drokte by pop-upprikplak yn it wyksintrum fan Bilgaard

Tsientallen minsken út de wyk Bilgaard yn Ljouwert ha harren nei de lêste parsekonferinsje fan it kabinet faksinearje litten. Dat kin yn in spesjaal ynrjochte pop-uppriklokaasje by it wyksintrum.
It wie drok by de pop-up priklokaasje:
GGD Fryslân wol it faksinearjen leechdrompeliger meitsje om't de faksinaasjegraad noch ûnder de 80 persint leit. De kommende wiken binne der ek pop-upprikplakken yn ûnder oare Easterwâlde, Sint-Nyk, De Tynje, Oerterp en Kollumersweach.
Njonken pop-upplakken rydt de GGD ek mei in faksinaasjebus troch de provinsje.
Sjoch op de kaart hoe't de faksinaasjegraad yn dyn gemeente is (docht de kaart it net goed, klik dan hjir):