LTO: "Regels foar hobbyhâlders nedich om fûgelgryp te kearen"

"Ik fyn it in hiel spannende perioade", seit plomfeehâlder Piet Faber fan LTO Nederland. By de wetterfûgels fan in hobbyhâlder yn Parregea is fûgelgryp fûn en tongersdei is de gryp ek yn Zeewolde fêststeld.
De plomfeesektor makket him grutte soargen:
"Ik haw net allinne noed oer de bedriuwen yn de omjouwing, mar om alle hinnebedriuwen yn in brede kuststrook fan Delfzijl oant Middelburg", seit Faber. Ek al sitte fûgels binnen, it bliuwt in ûnwisse tiid. "Wy sjogge dat der yn koarte tiid meardere yntroduksjes binne fan fûgelgryp troch wylde fûgels yn de plomfeehâlderij."

Hobbyhâlders en bedriuwsboeren

Dat kin likegoed by hobbyhâlders as by bedriuwen wêze. Faber fynt dat de regels foar de hobbyhâlders stranger wurde moatte. "Boppe de fyftich bisten wurde je tsjintwurdich as in bedriuw sjoen. Dan liket it my logysk dat je ek hannelje as in bedriuw en dat dêr regels foar binne."

Meibetelje

Neffens Faber mei der bêst ferskil wêze tusken lytse en grutte bedriuwen, ás der mar regels binne. "Ik fyn ek dat soksoarte bedriuwen betelje moatte oan it Diergezondheidsfonds, dat no de skea betelje moat. It komt no del op: net betelje, mar wol barre. Dat fyn ik in ferfelende situaasje, ek foar it draachflak ûnder de boeren."
Piet Faber © LTO Nederland
Der soe in goede ôfstimming tusken beide hâlders komme moatte. "Sa'n hobbyhâlder hat de einen foar de aardichheid, mar it feroarsaket wol in strop yn in straal fan tsien kilometer om Parregea hinne."
Plomfeehâlder Piet Faber fan LTO Nederland
Faber hopet dat in saneamd 'wynbrekgaas' yn de takomst útkomst biede kin. Soks kin neffens him fearkes opkeare, dy't fûgelgryp ferspriede kinne. Dêr wurdt op dit stuit noch ûndersyk nei dien, om't der noch gjin wittenskiplike konsensus oer is.

Hobbyhâlder

Neffens Harm Jan Brink, foarsitter fan de Fryske Hinne Klup, binne strangere maatregels net nedich. "Wy hawwe fansels al maatregels troffen tsjin de hjoeddeiske útbraak fan de fûgelgryp. Dat soe foldwaande wêze moatte om de sykte bûten de doar te hâlden", seit de hobbyplomfeehâlder.
"Wy moatte ús hinnen al yn de foliêre hâlde, ôfskerme fan wylde fûgels. Dat hat de lêste jierren foldwaande west. Sûnt 2003, de earste grutte útbraak fan de fûgelgryp, is der nea in besmetting fan in hobbyhâlder nei in profesjonele plomfeehâlder west. Dat bewiist eins al dat dit genôch wêze moatte soe", seit Brink.