MER: minister te betiid mei kar foar kabels troch Skiermûntseach

De sân potinsjele rûten fan de stroomkabels fan in wynmûnepark op de Noardsee troch it Waad hinne, moatte op 'e nij tsjin it ljocht hâlden wurde. De gefolgen foar de natuer binne noch net goed genôch yn kaart brocht. Dat advisearret de ûnôfhinklike Commissie voor de Milieueffectrapportage (MER).
Der moat ûndersyk komme nei de stroomkabelrûten:
It ministearje fan Ekonomyske Saken set oant no ta alles yn op de kabels troch Skiermûntseach hinne oer it wantij nei de fêste wâl ta. Op in wantij komme de seestreamingen byinoar en it is dêrmei ek it meast 'rêstige' plak op it Waad om soks te dwaan.

Kwetsbere natuer

Wittenskippers en natuerorganisaasjes hawwe lykwols dúdlik makke dat der op dat plak ek de measte kwetsbere natuer te finen is. Sa lizze der moksel- en oersterbanken, komme der seegersfjilden foar en is it in wichtich plak foar de leppelbekken op it eilân. Hielendal as sy ferfearje.
Protest tsjin de oanlis fan de kabels © ANP
Omdat it hjir ek om plakken giet dy't as lêste ûnder wetter rinne by heech wetter, is it ek in plak dêr't in hiel soad fûgel sitte.

Emden en Den Helder

Eins moatte alle ferskate opsjes foar sa'n stroomkabel op dit soarte fan saken nochris besjoen wurde, En dêr bliuwt it net by. Want de MER-kommisje kin gjin goede reden fine wêrom't der net goed sjoen is nei twa hiele oare rûten dy't net troch it Waad rinne.
© RTV NOF, Ben de Jager
De kabels kinne ek oan lân komme yn Den Helder. Al is dêr noch gjin heechspanningsnet dat soks oan kin. Wêrom't dy opsje ôffallen is, is net dúdlik.
Mar in oare opsje is it Dútske Emden, dêr't dy foarsjenning der wol is. En dat heechspanningsnet is ek nochris fan TenneT dy't de nije stroomkabel beheare moat. It grutte foardiel fan dizze beide rûten is dat sy folle minder grutte gefolgen hawwe foar de Waadnatuer.
De Balg op de eastpunt fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân
De grutte fraach is fansels wat it ministearje fan Ekonomyske Saken mei dit advys docht. Der neat mei dwaan, is net sûnder risiko's. De MER-kommisje slút net út dat de rûte troch it Waad by Skiermûntseach permaninte skea opsmyt foar de natuer dêr.
Omdat it Europeesk beskerme natuer is, moatte je dit as soks barre kin ekstra swier toetse, en oanjaan wêrom't der gjin bettere alternativen binne. As it ministearje dit net goed ûndersiket, kin it wêze dat sy juridysk yn de problemen komme as der in partij nei de rjochter stapt om de kabel troch Skiermûntseach tsjin te hâlden.

Tiid

As der ekstra ûndersyk komme moat, dan kostet dat tiid. Ien argumint om de kabel troch Skiermûntseach oan te lizzen wie dat soks reedlik rap kin en dat je dêrmei yn 'e stap rinne mei de klimaatdoelstellingen fan it kabinet. Dat rekket no mooglik út sicht. En dêrmei komme alternative rûten mooglik dochs wer yn byld.
Ferslachjouwer Remco de Vries oer de kabels