Krapte op Fryske arbeidsmerk, UWV meldt 8.000 fakatueren

Yn Fryslân hearsket krapte op de arbeidsmerk. Healwei dit jier wie it tal fakatueres tanaam ta achttûzen. Der binne iepensteande banen yn hast alle sektoaren. Benammen yn de technyk, de ict en yn de soach en wolwêzen wurde in soad meiwurkers socht.
© Shutterstock.com (Yuganov Konstantin)
Yn hiel Nederlân is der sprake fan in rekôrtal fakatueres. Nei de coronakrisis giet it wer better mei de ekonomy. Wurkjouwers sykje wer nij personiel.
Konkreet wurde der in soad ferpleechkundigen en fersoargers, leadjitters, monteurs, programmeurs en meiwurkers klantekontakt socht. Foar minsken dy't gjin wurk hawwe en dy't de oerstap út in oare sektor wei meitsje wolle, binne dit kânsen.

Minder WW-útkearingen

Yn de rin fan dit jier naam it tal WW-útkearingen ôf mei krekt wat mear as ientredde. It UWV ferwachtet dat it tal WW-útkearingen oan de ein fan dit jier wer tanimt. Dat komt troch it fuortfallen fan de coronastipemaatregels en de reguliere seizoenswurkleazens.

Help

Minsken dy't harren baan kwytrekke binne of driigje kwyt te reitsjen, kinne help krije fan de Regionale Mobiliteitsteams. Dy wurkje ûnder oare mei it UWV gear om minsken wer oan it wurk te helpen.