FIDEO: op 'e nij dûnsjende poalljochten by Skylge

Yn de ôfrûne nacht wiene der op 'e nij poalljochten te sjen yn it noarden. Dat barde yn de nacht fan sneon op snein ek al, mar doe wie inkeld it boppeste part fan it ljocht mei in kamera sichtber. No wie it tichterby. Troch mist en wolken koene net folle minsken der wat fan sjen, mar op Skylge wie it noarderljocht moai sichtber.
In nachtlik skouspul by Skylge: