Weromsjen op rêdingsaksje dobbehynders: "Ik dacht: als dit maar goed gaat"

It is woansdei op de kop ôf fyftjin jier lyn dat sa'n twahûndert hynders rêden waarden fan in dobbe by Marrum, doe't it lân bûtendyks ûnderstrûpt wie by in swiere stoarm. Wil van den Berg, de ferantwurdlik boargemaster doetiids, stiet alle jierren noch wol stil by de rêdingsaksje.
© ANP
Van den Berg sjocht werom op de bysûndere rêdingsaksje. Doe't de stoarm al aardich raasde op 31 oktober 2006, naam hy út foarsoarch it rampeplan fan de gemeente Ferwerderadiel troch. "Toen dacht ik al: als dit maar goed gaat."
Ald-boargemaster Van den Berg sjocht werom op de rêdingsaksje
Uteinlik hat dat foar grut foardiel soarge: op it momint dat dúdlik waard dat der in probleem wie by de hynders, wist de âld-boargemaster wat hy dwaan moast.

Rêdingsaksje

Wylst de hynders fêst stienen op de dobbe waard it ferhaal hieltyd grutter. De plysje, de brânwacht en de eigener fan de hynders sels hawwe hurd wurke om de rêdingsaksje op tou te setten.
Doe't se nei bealgjen tweintich lytse hynders op 'e wâl krigen hienen, seach Van den Berg dat it sa net goedkaam. "Toen heb ik contact gezocht met de commissaris van de Koningin en heb ik gezegd: mensen, we hebben steun nodig van het leger, van het Rijk, want anders komt het niet goed." Sa is de help fan in legerienheid ynskeakele.

Lokhynders

Mar it duorre mar en it duorre mar, alle aksjes om de hynders fan de dobbe ôf te krijen wienen om 'e nocht. Wol sakke it wetter hiel stadichoan. De oare deis binne de twahûndert hynders oan de hân fan seis amazônes, lokhynders, fan de dobbe ôf lokt.
Troch de gearwurking fan alle belutsene partijen binne de hynders úteinlik rêden. Van den Berg: "Het was één van de belangrijkste dagen die ik heb meegemaakt in mijn carrière. Je denkt er ieder jaar nog wel even aan terug."