Waadfûgels yn de problemen op Skiermûntseach

Echte 'eilânfûgels' lykas kluten, stirnzen en ferskate soarten wilsters komme net mear ta brieden op Skiermûntseach. Soarten dy't wat better oer de ferrûging fan dunen en kwelders kinne, nimme wol ta. Dat litte Natuurmonumenten en it Nasjonaal Park witte.
Kij by kweldergebiet op Skiermûntseach © Shutterstock.com (TasfotoNL)
It binne benammen soarten dy't oan de râne fan de kwelders en op it strân briede dy't dêr no gjin plak mear fine. Foar in part komt dat troch fersteuring troch rekreaasje, mar oan de kwelderrâne spilet ek mei dat it dêr hieltiten lestiger wurdt om piken grut te krijen.
Under oare trochdat it mear stoarmet yn de briedperioade troch klimaatferoarings. Dan komt in part fan de kwelder ûnder wetter te stean. In soarte lykas de leppelbek fynt dan in oar plak. In oantal briedpearen is fan 't maitiid ferhuze nei de Westerplas. De leppelbekken hawwe in topjier hân: noch nea wiene der sa'n soad briedpearen.

Stikstof

In oare ûntwikkeling dy't suver op elts Waadeilân te sjen is, is de ferrûging fan de fegetaasje yn de dunen en de kwelders, trochdat der tefolle stikstof delslacht. Mei dêrtroch hat de wylp it dreech op it eilân, en dat is al in reade list-soart.
Op de lange termyn moat de fermindering fan it oantal kij op it eilân wat oan dy stikstofbelesting dwaan. Dêrfoar binne ek al stappen set. Der binne ek soarten dy't profitearje fan dy ferrûging, bygelyks de skiere goes. Ferrassend goed gong it mei de eiders. Mei de lytse sjouwerman giet it ek better.
De stoartstien tusken Waad en seedyk op Skiermûntseach © Omrop Fryslân
In oar plan om it briedfûgels dy't op it eilân thúshearre nei it sin te meitsjen, rint yn it projekt Wij en Wadvogels, wêrby't gearwurke wurdt mei de fûgelbeskerming. Oan de kant fan de Waadsee soe de kwelder útwreide wurde kinne mei briedeilannen tusken de fearboathaven en de jachthaven. De ferbining mei it lân dêrefter soe ek better kinne. Boppedat binne der plannen makke foar de Westerplas. Op 10 novimber wurde dy konseptplannen presintearre op it eilân.