HEA! Mei poddestuollen yn hegere sfearen
De hjerst is Taede Smedes syn favorite seizoen. Mei in fototastel om de hals siket er nei miny-poddestuollen yn de bosk. Grutte útdaging is om se sa fêst te lizzen dat it liket oft je nei in mearke sjogge. Smedes fotografearret al tsien jier. It jout him rêst nei in emosjonele tiid fan siikwêzen.