Friezen keapje it faakst twaddehânsk foar de feestdagen

Friezen keapje it faakst twaddehânsk boartersguod yn oanrin nei de feestdagen. Dat meldt Markplaats nei oanlieding fan eigen ûndersyk.
Twaddehânsk boartersguod © ANP
Fan de Friezen jout 87 persint oan dat se wolris twaddehânsk boartersguod keapje foar har bern. Dêrmei leit ús provinsje dúdlik boppe it lanlik trochsneed fan 70 persint. Benammen weardefêste produkten dy't lang mei kinne, lykas Lego of houten boartersguod, binne populêr.
Neffens it hannelsplatfoarm kieze minsken hieltyd faker foar twaddehânsk boartersguod. Annemarie Buitelaar, CEO Marktplaats, is wiis mei de ûntwikkeling: "Het is mooi om te zien dat daarin de keuze voor tweedehands steeds normaler wordt. Er is immers zoveel mooi speelgoed dat nog lang niet is uitgespeeld."