Nammemonumint foar eartiidske Joadske lânboumienskip Frjentsjer

Yn Frjentsjer komt in monumint foar de kibboets, de Joadske lânboumienskip dy't dêr eartiids wie. It is takom jier op 3 novimber presys 80 jier lyn dat der in ein kaam oan dy kibboets.
Kibboetsbewenner Jo Dünner op it hynder yn 1937 © kibboetsfilm Jacob Bramson, kolleksje Yad Vashem / Fries Film & Audio Archief
De kibboets siet fan 1935 oant 1941 yn it eardere treinstasjon yn Frjentsjer. Boargemaster fan de gemeente Waadhoeke Marga Waanders fertelt oer it libben yn sa'n mienskip. "Dat wie in aardich hurd libben, mar dat wie tagelyk ek in goede tarieding op it libben yn Palestina. Want it wurkjen op de klaai wie net maklik, mar dat soe it libben dêr ek net wêze."

Oplieding foar Palestina

Se waarden folweardich oplaat: se wurken by boeren yn de omjouwing, krigen taallessen en der waard fansels omtinken jûn oan it geloof. "In komplete oplieding om yn Palestina libje te kinnen."
Mar doe begûn de Twadde Wrâldoarloch. "Sa'n 80 studinten hawwe yn dy tiid fan '35 oant '40 yn dy kibboets libbe en yn de omjouwing wurke. De lêste groep is oppakt, útsein ien persoan dy't it oerlibbe hat binne alle studinten omkaam yn ferskate kampen."
Mei inoar binne 22 bewenners fan de Frjentsjer kibboets slachtoffer wurden fan de Joadeferfolging. "De nammen wienen al bekend, mar se binne noch nearne fêstlein." Dêrom wurdt der takom jier in monumint ûntbleate. "Op it plak fan de doetiidske kibboets, dat is tsjin it hjoeddeiske gemeentehûs oer."

Mear omtinken

En it betinken bliuwt net by it nammemonumint, fertelt Waanders. "De publikaasje fan in boek troch Auke Zeldenrust, twa tentoanstellingen dy't op inoar oanslute, it nammemonumint dêr't we no dwaande mei binne, en der wurdt noch in dokumintêre makke troch Gerard van der Veer. Dus der sil noch in hiel soad barre."
Boargemaster Waanders oer de Frjentsjer kibboets en plannen foar in monumint