Fryslân rint efter by registraasje trekkers en lânboumasinen

Noch lang net alle trekkers, shovels en oare ridende masinen binne by de RDW registrearre, wylst sokke masinen oars nei 1 jannewaris 2022 net mear de iepenbiere dyk op meie. Fryslân bongelet sels ûnderoan de lanlike ranglist. Hjir binne mar 44 prosint fan sokke reauwen registrearre.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De RDW krige oant no ta 25.620 registraasjeoanfragen út Fryslân. Dat wylst der nei skatting 58.000 trekkers, ridend wurkark en fuortlutsen materieel yn ús provinsje binne. Fryslân rint dêrmei bot efter by de oare provinsjes. Sa is yn Limboarch al 84 prosint fan de masinen registrearre. Yn Gelderlân binne al hast alle reauwen fêstlein.

Djoerder yn 2022

Eigeners kinne harren masinen noch twa moannen online registrearje foar 18 euro. Dêrnei kin it ark allinnich noch kard wurde op in keuringsstasjon en kostet it op syn minst 140 euro.