Broken Jug yn Harns offisjeel iepene: "It is so well-situated at the edge of the sea"

It keunstwurk Broken Jug yn Harns is tiisdeitejûn offisjeel iepene en yn it ljocht set. It grutte keunstwurk fan de wrâldferneamde byldzjend keunstner Frank Stella stiet by de Tjerk Hiddesslûzen en wurdt sjoen as in 'landmark'.
Broken Jug yn Harns offisjeel yn it ljocht set:
Der binne wol wat jierren oerhinne gien, mar der is tefredenens oer it feit dat it keunstwurk no syn plak krigen hat yn de Fryske havenstêd.

Joop Mulder hat der syn bêst foar dien

Ald-boargemaster Roel Sluiter fan Harns en ek âld-wethâlder Hein Kuiken wienen der as earste bestjoerders by belutsen. Se binne beiden bliid dat it úteinlik slagge is om de Broken Jug, dy't ea foar in honkbalstadion yn Amearika bestimd wie, foar Fryslân te behâlden.
Benammen ek omdat Joop Mulder, de man fan Oerol en letter Sense of Place dy't begjin dit jier stoarn is, der sa syn bêst foar dien hat. "Hij nam de broken jug naar elk overleg onder zijn arm mee", seit Sluiter. Hy soe neffens Kuiken hiel tefreden wêze oer it plak en benammen dat it slagge is de Jug in plak oan de Fryske Waadkust te jaan.

Feroarje fan kleur

It wie lykwols boargemaster Jannewietske de Vries dy't as earste oan 'e bel luts by de gemeente Harns. It keunstwurk stie op de yndustryhaven om ferfierd te wurden nei Amearika. Dêrnei hat Frank Stella, de makker fan it keunstwurk, ek noch foar in besite west en hy fûn de Fryske Waadkust in moai plak foar syn wurk.
It wie de bedoeling om it op de seedyk op de grins fan Súdwest-Fryslân te setten. Dat wie lykwols net mooglik yn ferbân mei de feiligens foar de seekearing.
Broken Jug yn Harns offisjeel iepene
Neffens de hjoeddeistige boargemaster fan Harns, Ina Sjerps, fine de Harnzers it byld ek in ferriking fan de stêd. "Harlingers zijn een beetje 'sjanteraars', maar ik denk dat ze stiekem denken: nou, dat hebben we toch maar mooi voor mekaar."

"Well-situated"

The Broken Jug feroaret geandewei de dei fan kleur. By eb wurdt it byld giel en by floed is it blau. Stella, no 85 jier, spruts yn in koarte fideoboadskip de minsken by de iepening ta. Hy is bliid dat it keunstwurk yn Harns stiet: "It is so well-situated at the edge of the sea."