Operaasje Fryske Flagge: Annette Panhuis yn Dútslân

De 59-jierrige Annette Panhuis groeide op yn Ljouwert. As famke fan 20 wie se bot nijsgjirrich nei de piloaten en oar personiel fan de Loftmacht. Fia Ingelân en Spanje bedarre se yn Dútslân.
Annette Panhuis © Omrop Fryslân
"Ik swalke hiel Europa wol troch en brocht dan ek wol besite oan de manlju fan de Loftmacht." Ta lange relaasjes late it net, mar Panhuis wenne wol oeral. "Ik ha yn Ingelân wenne en op Gran Canaria. Ik bin wol in bytsje in swalker", laket se.
Eintsjebeslút bedarre Panhuis tsien jier lyn yn it Eastfryske stedsje Norden. "Ik hie hjir in kroechje en dêr learde ik myn man kennen. As er by syn heit yn East-Fryslân op besite kaam, helle er by my in bierke en it wie fuort bingo."

De rêst fûn

Fanwegen de ôfstân tusken Norden en Bremen, dêr't har Eastfryske man wennet, besleat Annette Panhuis de kroech fuort te dwaan en ek nei Bremen te kommen. Panhuis waard dêr âldereinfersoarger. Yntusken binne se alwer seis jier troud. "En ik haw eins de rêst wat fûn. Ik haw net mear sa nedich op de flitter."
Yn Fryslân hat Panhuis net safolle mear. "Myn nicht wennet yn Drachten en mei har haw ik kontakt, mar fierder haw ik neat mear yn Fryslân. De oantinkens dy't ik haw, hâld ik leaver sa't se wienen. Want it hûs yn de Bonairestrjitte dêr't ik opgroeide is der net mear, it swimbad yn Nijlân is sloopt, it Fries Museum is net mear op it âlde plak en it Saailân hawwe se ferknoeid."
Ik tink dat ik foaral in lekkere bak bamy mis, of in hearlike kroket.
Annette Panhuis
Dêrfoar hoecht se dus net werom te kommen. "Myn âlden binne ferstoarn. De mominten dat ik Fryslân mis, komme soms ynienen. Mar ik tink dat ik foaral in lekkere bak bamy mis, of in hearlike kroket."
Wol fielt se har in echte Friezinne. "Tegearre mei myn man, dy't dus East-Fries is, sitte we by in Fryske Feriening yn Nordfriesland (in gebiet yn Dútslân dêr't Noardfrysk praat wurdt, red.) en wy dogge ek oan re-enactment. Dan ferdjipje wy ús yn de skiednis fan de Friezen en drage klean fan dy tiid. Trouwens, Bremen hearde earder ek by it Magna Frisia, dus Bremen is ek wol in bytsje Frysk."

Kroechjes en wetter

Fierder befalt Bremen ek goed: "It is gewoan in hiel moaie stêd. Alles wat je nedich ha, is hjir. Kinst it sa gek net betinke. De kroechjes oan de Weser binne hielendal moai. Je sitte direkt oan it wetter."
Oan har balkon fan har appartemint hat se ek in Frysk flachje hingen. En doe't sc Hearrenfean yn Aurich spile, moast se derhinne. "Ik wie yn Fryslân al supporter fan sc Hearrenfean, dus gjinien kin my dan fuorthâlde."
Werom nei Fryslân komt se tinkt se net wer. "Mar it sit wol foar altyd yn myn hert."
Annette Panhuis fertelt oer har libben yn Dútslân
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal oft de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.