Onlinesupermerk Picnic iepenet distribúsjesintrum op It Hearrenfean

Onlinesupermerk Picnic iepenet begjin takom jier in nij distribúsjesintrum op It Hearrenfean. Dêrwei wol it bedriuw it besoargjen fan boadskippen yn Fryslân, Grinslân en Drinte fersoargje.
“Er zijn plannen om verder Fryslân in te trekken”:
It bedriuw Picnic besoarget op it stuit boadskippen yn 170 plakken yn Nederlân. Nei eigen sizzen hat it bedriuw 750.000 klanten. Koartlyn is it bedriuw begûn mei it besoargjen fan boadskippen yn Ljouwert, as earste stêd yn it noarden.
It distribúsjesintrum op It Hearrenfean komt yn in besteand gebou. It hat in oerflakte fan 10.000 kante meter. Der komme sa'n trijehûndert minsken te wurkjen.
Oant no ta moasten de boadskippen út it distribúsjesintrum yn Zaandam komme.