Fjouwertûzen minsken ha meidien oan plan B fan Fytsalvestêdetocht

Oan de earste edysje fan de Fytsalvestêdetocht 'Plan B' ha in lytse fjouwertûzen minsken meidien. Sy koenen fan it simmer sels in momint kieze om de 235 kilometer lange tocht te fytsen en by te hâlden yn in spesjale app.
Dielnimmers oan de Fytsalvestêdetocht © Omrop Fryslân
Oant en mei 2019 dienen yn trochsneed alle jierren op Pinkstermoandei sa'n 13.800 fytsers mei oan de gewoane Alvestêdetocht. Dy koe yn 2020 net trochgean. Dit jier ek net, mar de organisaasje wie dêrop taret en hie in alternatyf betocht.
Minsken hienen fan it simmer de mooglikheid om sels te betinken wêr't se oan de tocht begûnen en op watfoar dei oft se dat dienen. De measte minsken keazen sneon 21 augustus út: doe begûnen 425 dielnimmers oan de tocht.

Boalsert populêr as startplak

En ek al mocht elkenien dus syn of har eigen startplak betinke, mear as de helte fan de dielnimmers begûn neffens tradysje yn Boalsert. Dêrnei wie Ljouwert it populêrst as startplak, mei 461. Yn Sleat begûnen 374 fytsers oan de tocht.
In koade dy't dielnimmers scanne koenen © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Fan de dielnimmers oan de alternative Fytsalvestêdetocht kaam goed 58 prosint fan bûten Fryslân.
De Fytsalvestêdetocht fan dit jier wie dus hiel oars as gewoan, mar de dielnimmers dy't de tocht ta in goed ein brocht ha, ha wol in krúske krigen.
Fyftjintûzen fytsers dy't op deselde dei troch Fryslân hinne fytse bliuwt fansels it aldermoaiste.
De organisaasje fan de Fytsalvestêdetocht
De organisaasje is bliid mei de sifers, mar hopet tagelyk dat it de lêste kear is dat de Fytsalvestêdetocht op dizze wize holden is.
"We hoopje foar 2022 op wat oars fansels. Dan wolle we wer in tradisjoneel moaie Fytsalvestêdetocht op Pinkstermoandei organisearje. Fyftjintûzen fytsers dy't op deselde dei troch Fryslân hinne fytse bliuwt fansels it aldermoaiste."
Sjoch foar ferskate fytsreportaazjes oer de tocht yn it ferline op Weromrop by it tema Fytsalvestêdetocht.