'Kommisje foar sâltwinskea moat net allinnich partikulieren helpe'

De nije regeling foar skeamelding troch sâltwinning lit ferieningen yn de kjeld stean. Skea oan in hûs of gebou troch sâltwinning kin tenei meld wurde by de Commissie Mijnbouwschade. Dat jildt allinnich foar partikulieren en net foar bygelyks feriening. As in tsjerke op ynstoarten stiet, docht de kommisje dêr neat mei.
© Omrop Fryslân
De Commissie Mijnbouwschade lit de melding earst ûndersykje. Dêrby kin in ûnôfhinklik saakkundige nei in gebou of in wenning stjoerd wurde om de skea op te nimmen. De kommisje komt dêrnei mei in advys. Dêr kinne de melder fan de skea en de sâltbedriuwen wer op reagearje. Op grûn dêrfan komt de mynboukommisje dan mei in definityf advys. As in sâltbedriuw skea fergoedzje moat, moat dat binnen twa moanne regele wurde.

Frisia

Yn Fryslân hellet Frisia yn Harns sâlt út de grûn. De stichting Behoud Historisch Harlingen is gjin partikulier en kin dus gjin berop dwaan op de advyskommisje. Ek bygelyks ferieningen fan eigeners dy't in appartemintegebou yn behear hawwe, kinne net nei de advyskommisje stappe as der skea is oan it gebou troch de gefolgen fan sâltwinning, De stichting foar it behâld fan histoarysk Harns wol no in petear mei de kommisje om dat better te regeljen.
It is net ferplichte om de kommisje yn te skeakeljen. Minsken dy't skea tinke te hawwen troch de winaktiviteiten fan Frisia Sâlt kinne ek mei it bedriuw sels besjen oft se ta in ôfspraak komme kinne, sûnder tuskenkomst fan de advyskommisje.
Jarig Langhout fan de Harnzer stichting en Bart Hendriks. direkteur fan Frisia Zout