Geweld tsjin helpferlieners: net bagatellisearje, mar posityf bliuwe

Net de geweldsynsidinten, mar de positive punten fan it fak ambulânseferpleger moatte de boppetoan fiere. Dy oprop docht brânsjorganisaasje AmbulanceZorg Nederland. De oprop wurdt stipe troch ambulânsebedriuw Kijlstra yn Drachten.
By Kijlstra wolle se foaral posityf bliuwe:
"Sjoch, mei dizze knop kinst it bêd út de ambulânse komme litte", seit Peter Douma fan de ambulânsesoarch. Hy wurket al 21 jier by Kijlstra en is krekt as elke moarn oan de gong mei it klearmeitsjen fan de ambulânse. "Mei dizze ride we gewoanwei tusken de fjouwer, fiif kear deis út."

Ien ynsidint

Mei in grutte swaai goait er in swarte tas op it bêd. Nei it iepenritsen telt er alle medisinen yn de tas. Douma hat yn al dy jierren ien kear belutsen west by in ynsidint. "Dy pasjint woene we helpe, mar dy wie ûnder ynfloed fan drank en drugs. Hy griep my doe by de kiel."
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"Dat wie wol efkes heftich, want it hat wol impact. Mar dochs is it wol sa datst it net meinimst. Der hat in feroardieling west en dus is dan dat haadstik ôfsletten. Moatst der net yn hingjen bliuwe", fertelt er. "Dy iene klap waacht net op tsjin dy tûzen tankbere reaksjes."
Elke kear is ien te folle.
Peter Douma, ambulânsesoarch
Dy wurden fan Douma wurde ûnderstreke troch Sietze Kijlstra. Hy is direkteur fan it bedriuw. "De geweldsynsidinten binne der en elke kear is ien te folle", seit er.
"Mar we hawwe it wol oer fjouwer ynsidinten op 17.000 ritten yn it earste healjier. Ik wol it net bagatellisearje, hear. Want as der wat bart, hat dat ynfloed op de minsken. Jo moatte dan bygelyks tinke oan it slaan of by de kiel grypt wurde. Dat is ferskriklik foar ús personiel."
"Wy stean harren dan by. Mar dochs wolle wy ek posityf bliuwe. It moaie fan it fak sjen litte. Dat is wichtich."