Spoar Ljouwert-Grins kriget nij befeiligingssysteem

It spoar fan Ljouwert nei Grins hat foar it jier 2030 in modern befeiligingssysteem. De provinsje Fryslân betellet dêr tsien miljoen oan mei, Grinslân tweintich en it Ryk sechstich miljoen. Dat skriuwt RTV Noord.
Yvonne Dubben (Arriva), Sieds Hoitinga (Fryslân), steatssekretaris Van Weyenberg, Fleur Gräper (Grinslân), Ans Rietstra (ProRail) © Eric Slot
De hantekeningen binne moandei set. Ut namme fan it Ryk wie steatssekretaris Van Weyenberg yn Grins foar de offisjele bekrêftiging. Foar Fryslân wie dat Sieds Hoitinga fan de Provinsje Fryslân. Fierders wiene ek Yvonne Dubben fan Arriva, Ans Rietstra fan ProRail en Fleur Gräper fan de Provinsje Grinslân oanwêzich by de ûndertekening.

ERTMS ferfangt ATB-systeem

It European Rail Traffic Management System is digitaal en neffens ProRail de ynternasjonale standert foar treinbefeiliging. It ERTMS-systeem wurdt yn treinen ynboud en yn it spoar. It ferfangt it analoge Automatische Trein Beïnvloeding-systeem (ATB). Dat is ferâldere en net taspitst op de tanimmende drokte op it spoar.

Gjin seinen mear nedich

Sa'n 10 prosint fan it Nederlânske spoar hat no it ERTMS-systeem. As it oeral ynfierd is, binne der gjin seinen mear nedich om it spoar te befeiligjen. Dan hoecht der ek minder faak oan it spoar wurke te wurden.
It Ryk ynvestearret sechstich miljoen euro yn spoarbefeiliging. Omdat de treinen ek oanpast wurde moatte, is der ek jild nedich fan de beide provinsjes. Fryslân leit tsien miljoen op it kleed en Grinslân tweintich.
De ferfanging fan it ATB-systeem troch ERTMS begjint oer uterlik fiif jier.
Ans Rietstra fan ProRail is hiel bliid dat alles no regele is