Veiligheidsregio hat coronakontrôlejild noch net krige, Ryk seit dat it wol oermakke is

Veiligheidsregio Fryslân hat it jild noch net krige dat it kabinet tasein hat foar tafersjoch op de coronakontrôles. It giet om sawat oardel miljoen euro. Oare regio's sizze dat se it Ryksjild ek noch net krigen hawwe.
Ljouwert en Hearrenfean hawwe harren jild al útjûn oan polsbantsjes © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It Ryk stelt 45 miljoen euro beskikber. Gemeenten kinne dêrmei ekstra minsken oanlûke foar de kontrôle op neilibbing fan de coronaregels. Veiligheidsregio Fryslân hat it jild dus noch net krigen, mar Ljouwert en Hearrenfean hawwe harren diel wol alfêst útjûn foar de oanskaf fan polsbantsjes.
Neffens it ministearje fan Justysje en Feilichheid is it jild wol oermakke. Miskien is it noch net byskreaun, seit in wurdfierder.