Brânwacht: plak fentilaasje net ôf om gas te besparjen

No't de temperatueren wer sakje rint it gasferbrûk en dêrmei de gasrekken wer op. Foar guon minsken is dat reden om de fentilaasje fan it hûs ticht te setten of ôf te plakken, mar dat is krekt watst net dwaan moatst, seit de brânwacht.
In fentilaasjeroaster © ANP
It tichtsetten fan de fentilaasje yn 'e hûs kin grutte gefolgen hawwe. "It is yn dy sin gefaarlik, omdatst yn in hûs genôch frisse lucht hâlde moatst", leit Wietze Brandsma fan de ôfdieling risikobehearsing fan de brânwacht út.

Kâns op koalstofmonokside

"Kinst dy wol yntinke, ast alles ôfplakst en hast ek noch ferwaarming yn 'e hûs, datst minne ferbrâning hast mei in gruttere kâns op koalstofmonokside. Dat is in libbensgefaarlik gas. Dat wolst net yn 'e hûs hawwe."
"Fentilearje bliuwt wichtich, al is it mar om it binnenklimaat fan it hûs gewoan sûn te hâlden. En in drûch hûs is ek makliker waarm te krijen." Boppedat ferminderet it dus de kâns op fergiftiging troch koalstofmonokside. "Dêrneist ast it foarkomme wolst, moatst soargje datst in koalstofmonoksidemelder yn 'e hûs hingjen hast."

Gas besparje

Ast dochs gas besparje wolst, kinst neffens de brânwacht better sjen nei oare oplossingen. "Der wurdt in protte isolearre. Je kinne ek sizze, ik doch efkes in waarmere trui oan, of koarter dûse. Dat binne simpele en feilige wizen om de gasrekken wat leech te hâlden. En jûns wat earder op bêd."
Ast de fentilaasje mar net ôfslútst, seit Brandsma: "Dy sit der net foar neat."
Wietze Brandsma fan brânwacht oer fentilaasje