IC-dokter: "Ik hoop dat dit pakket maatregelen genoeg is"

01 nov 2021 - 17:57

"Ik hoop dat deze maatregelen genoeg zijn. Maar als datgene wat uitgelekt is het hele pakket is, klinkt het niet heel krachtig." Dat seit haad intensive care fan it UMCG yn Grins, Peter van der Voort, yn reaksje op de útlekte maatregelen dy't it kabinet tiisdei bekend meitsje sil.

Foto: Omrop Fryslân

De haden fan de intensive-care-ôfdielingen fan de akademyske sikehûzen yn Nederlân diene it ôfrûne wykein in needgjalp oan it regear: 'Kom mei maatregelen, want it wetter stiet ús oan 'e lippen.' Van der Voort jout oan dat hy hopet dat dizze nije maatregelen genôch binne: "Ik ga ervanuit dat het OMT alle effecten goed heeft doorgerekend, maar als dit het is, klinkt het niet heel krachtig."

"Het is belangrijk dat het kabinet gelijk krijgt, want als deze maatregelen de instroom op de IC niet genoeg kunnen beteugelen, dan zijn we verder van huis," sa seit Van der Voort yn in earste reaksje op it útlekken fan de maatregelen.

Coronasifers rinne te hurd op

Moandei lekte út dat fan freed ôf it tal lokaasjes dêr't de coronapas ferplichte is, útwreide wurdt. Allinnich mei in QR-koade kinst dan noch nei sportskoallen, swimbaden en plakken lykas bistetunen, musea en amusemintsparken. Fierders wurdt ûndersocht oft de coronapas ek ynset wurde kin yn it heger ûnderwiis en it middelber beropsûnderwiis.

Fierders komt de mûlkapkesplicht werom by kontaktberoppen en publike binnenromten. Nei alle gedachten sil dat ek jilde foar winkels. Dêrneist moatte minsken mear thúswurkje. It kabinet nimt de maatregels no't de coronasifers en de ynstream fan pasjinten yn it sikehûs hurder oprinne as dan earder tocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)