Pear mishannele troch acht manlju yn Ljouwert

01 nov 2021 - 16:06

In man en in frou binne yn de nacht snein op moandei mishannele troch acht manlju. It foarfal hie plak om twa oere hinne, op it Ruterskertier yn Ljouwert.

Foto: Shutterstock

It pear fytste oer it Ruterskertier by de groep del. Ut de groep wei waard wat nei it stel roppen, mar doe't de man wat werom sei, sloech de groep fuortendaliks op him yn. De frou krige ek in klap tsjin de holle en rekke koart út de tiid. De man is foar behanneling nei it sikehûs brocht.

De plysje yn Ljouwert siket tsjûgen fan in mishanneling op it Ruterskertier. Minsken dy't wat sjoen ha of dy't kamerabylden ha, wurdt frege om harren by de plysje te melden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)