RIVM: 294 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 294 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 31 mear as snein. Doe waarden 263 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 268 besmettingen meld yn Fryslân. Snein lei dat trochsneed op 260, in wike lyn op 188.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne trije nije pasjinten mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 7.744. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 7.429.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.