Hinneboer baalt: "De regearing lit ús sitte"

Hinneboer Hans Hazenberg fan Abbegea baalt derfan dat syn útfining tsjin de fûgelgryp noch net oppakt wurdt troch de regearing. Ofrûne wike waard opnij in ophokplicht ynfierd, nei't yn Zeewolde de fûgelgryp fêststeld waard. "It went net", seit Hazenberg.
Hinneboer Hazenberg © Omrop Fryslân
By Hazenberg syn eigen bedriuw waarden fiif jier lyn 63.000 hinnen romme nei't it firus konstatearre wie. It went dus net, mar der is dochs in soart fan gewenning, seit de hinneboer. "It is krekt as mei corona: ik tink dat it net wer fuort giet."
Flak foardat by it bedriuw fan Hazenberg fûgelgryp fêststeld waard yn 2016, hie er de stâlen fernijd om de fûgelgryp bûten te hâlden. In enoarme kostepost: "Alles komt ta stilstân. De jildstream is fuort, net alles wurdt fergoede, de kosten rinne troch en moatst wer nije hinnen keapje."

Emosjoneel

Hazenberg fynt dat hy gelok hân hat dat er it finansjeel oprêden hat. No't de ophokplicht werom is, komme in soad plomfeehâlders wer yn in ûnwisse tiid. "It hat in grutte impact. As in bedriuw romme wurdt, is dat hiel emosjoneel. Foar in soad minsken betsjut it de ein fan it bedriuw."
"Foar kollega's dy't de hinnen bûten ha, betsjut de ophokplicht ynkomstegemis. De aaien wurde ôfwurdearre omdat de bisten binnen sitte. Plomfeehâlders krije dus minder jild foar in aai", seit Hazenberg tsjin de NOS.
Hygiëne is de alderheechste prioriteit.
Hinneboer Hans Hazenberg
De lêste ophokplicht foar plomfee is noch mar fjouwer moannen lyn ôfrûn. It duorre doe 37 wiken. "Stapst noait samar mei dyn skuon de stâl yn. Dat kin net. Elke stâl hat eigen beskermjende klean, in wask- en dûsgelegenheid, besite wurdt safolle mooglik tsjinholden. Hygiëne is de alderheechste prioriteit."

Gaas hâldt focht bûten

Hazenberg gong, nei't syn bedriuw troffen waard troch de fûgelgryp, op syk nei in wize om it firus bûten de stâlen te hâlden. Hy betocht in systeem mei gaas, dat sa makke is dat it focht fan bûten út de stâl hâlde moat. Ut ûndersyk troch in bistesûnensynstitút waard dúdlik dat it systeem 90 prosint fan it firus tsjinhâldt.
Hazenberg liet twa jier lyn sjen hoe't it systeem wurket:
Ta frustraasje fan Hazenberg is it systeem lykwols noch net breed ynfierd. "En dat wylst de kosten fan it gaas, sa'n 10.000 euro, yn ferhâlding hartstikke leech binne ferliking mei de 1,5 miljoen euro dy't it romjen kostet."

It stekt

Hy hopet dat der noch wat beweging yn komt. "Der is in maklike oplossing foarhannen, elkenien yn de plomfeehâlderij hat ynteresse, mar de regearing lit ús sitte. Dy minister docht mar neat. Dat stekt my ôfgryslik. It jout ús it gefoel dat we der allinnich foar steane. It is krekt of wolle se fan ús ôf", seit Hazenberg.
It gaas op de pleats fan de famylje Hazenberg © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De universiteit fan Wageningen sil ûndersykje oft it gaas inderdaad foarkomme kin dat it firus de stâlen binnen komt. De earste resultaten wurde ein dit jier of begjin takom jier ferwachte.
Hans Hazenberg: "Wy hawwe no in twadde ûndersyk ynsteld"