Q&A: Mei dyn baas dy samar freegje om in QR-koade?

01 nov 2021 - 16:55

Meie bedriuwen aanst wurknimmers sûnder jildige coronapas wegerje? Dy fraach leit miskien wol op tafel, no't boargemaster Hubert Bruls fan Nijmegen seit dat hy him foarstelle kin dat de QR-koade op it wurk ynset wurdt ta bestriding fan de oprinnende coronasifers.

Foto: Omrop Fryslân, Earryt Sijens

Bruls is as boargemaster fan Nijmegen foarsitter fan de Veiligheidsraad, de gearwurking fan de 25 feilichheidsregio's yn ús lân.

Wat is krekt it idee fan Hubert Bruls?

De coronapas, de QR-koade op dyn telefoan, jildt no foar teäters, sportakkommodaasjes en yn de hoareka. Bruls wol dat dy coronapas ek ferplichte wurdt foar wurknimmers. Dus op it momint dat je op je wurk komme, moatst in jildige QR-koade ha, seit er. Oars komst der net yn.

Mei dat samar, dat de wurkjouwer freget nei dyn faksinaasjestatus?

Dat is fansels de fraach: kin dit samar? Neffens advokaat Willem Seijbel, dy't spesjalisearre is yn it arbeidsrjocht, net. "Het vragen naar een QR-code is een medische vraag. Die medische gegevens zijn zwaar beschermd door de privacywetgeving. Dat mag alleen als er een wettelijke grondslag voor is, en die is er nu niet. Daar zou dan een speciale wet voor moeten komen."

Dus op dit stuit mei dyn wurkjouwer it net oan dy freegje?

Dat is ek wer net sa. De privacywetjouwing giet benammen om it ferwurkjen fan medyske gegevens, seit Seijbel: "Minister De Jonge heeft in één van de persconferenties gezegd dat vragen op zich mag. Daarmee val je buiten de rand van de privacywetgeving."

Advokaat William Seijbel oer de ynfiering fan de coronapas op it wurk

Mar mei allinnich dy fraach kinst as wurkjouwer noch hieltyd neat. "Ongeacht het antwoord van de werknemer mag je er geen consequenties aan verbinden. Je bent ook niet verplicht te antwoorden als werknemer. Voor de onderlinge verhoudingen is het misschien niet goed, maar je kan niet ontslagen worden ofzo."

Hoe rap kin sa'n eventuele wet ynfierd wurde?

Wy ha fansels earder dit jier al de wet oer de jûnsklok hân. Dat wie yn in wike regele. Yn dit gefal kinst dy foarstelle dat it langer duorret.

Ien fan de fragen sil wêze: hokker beroppen falle ûnder dizze ferplichte coronapas? Is dat elkenien? Binne dat allinnich meiwurkers yn de soarch? Of jildt it aanst allinnich foar bygelyks kontaktberoppen? Dêr kinst as Twadde Keamer fansels lang oer debattearje, en dan is it de fraach oft it allegear wol op tiid komt.

Binne der al reaksjes op de plannen?

ActiZ, de brânsj-organisaasje foar soarchorganisaasjes, seit bygelyks dat sy it net sitten sjogge. De soarchsektor kampt no al mei grutte tekoarten en in heech syktefersom, dus it is hast net mooglik om dan ek noch wurknimmers sûnder coronapas nei hûs ta te stjoeren. Dêr is gewoan gjin romte foar, sizze sy.

Ek de fakbûnen binne kritysk. Sy sizze dat se foar faksinaasje binne, en in sa heech mooglike faksinaasjegraad. Mar it mei net te'n koste gean fan grûnrjochten fan wurknimmers, seit Kitty Jong fan FNV.

Sieger Dijkstra, foarsitter fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noord, sjocht dat de druk op de soarch tanimt. "We hebben daarin gemeenschappelijke verantwoordelijkheid. Wij zien op dit moment meer in de huidige maatregelen, dat we ons daar beter aan houden. Eventueel aangevuld met het weer dragen van mondkapjes in winkels en het houden van anderhalve meter afstand."

Yn Italië is de ferplichte coronapas op it wurk al ynfierd, hoe giet dat?

Yn Italië moatst bygelyks al in QR-koade ha ast oan it wurk giest. Dy kinne wurknimmers sûnder faksinaasje ek krije troch har twa kear yn 'e wike te testen. In wurknimmer moat dat sels betelje en is dêr rûchwei 150 euro yn 'e moanne oan kwyt. Wol is twa tredde fan de befolking foarstanner fan it systeem, mar der binne ek in soad Italianen dy't harren siik meld ha, om't se tsjin de coronapas binne.

Parsekonferinsje

Tiisdeitejûn is der wer in coronaparsekonferinsje fan demisjonêr premier Rutte en minister De Jonge fan folkssûnens. De ferwachting is dat der nije maatregels oankundige wurde yn de striid tsjin de oprinnende besmettingssifers. It is noch net dúdlik hokker maatregels dat wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)