Tal seehûnen yn de Waadsee wer op it nivo fan 1900

It tal seehûnen yn de Waadsee is werom op it nivo fan begjin foarige iuw. Dat meldt it Wadden Sea World Heritage op basis fan tellingen yn it Waadgebiet yn Nederlân, Dútslân en Denemarken.
© Shutterstock
Tritich jier nei it begjin fan de Waadsee-Seehûneoerienkomst is de populaasje seehûnen yn de Waadsee fiif kear sa grut wurden. It giet dan om de populaasje yn it hiele Waadseegebiet, fan de Ofslútdyk oant en mei de westkust fan Denemarken.
Nederlân, Dútslân en Denemarken wurkje al langer gear op it mêd fan natoer- en bistebeskerming yn it Waadseegebiet.

26.838 seehûnen

By de lêste tellingen fan dit jier hawwe de trije lannen mei-inoar 26.838 seehûnen teld. Yn 1975 waarden noch mar sa'n 4.000 seehûnen teld. Oer it algemien wurdt oannommen dat der op it stuit sa'n 40.000 seehûnen yn de Waadsee swimme en libje.

In soad jonge seehûnen

Dêr't de seehûnepopulaasje de lêste jierren skommelet en stabilisearret, komme der wol hieltyd mear jonge seehûnen by. De organisaasje seit dat it noch net dúdlik is wêrom't dy jongen úteinlik net bydrage oan de groei fan de hiele populaasje. Mooglik is der net genôch iten en helje in protte jongen it dêrom net.