Gebou yn Hylpen folslein ôfbaarnd

31 okt 2021 - 20:37

De brânwacht wie mei meardere weinen yn Hylpen, by in útslaande brân yn in leechsteand gebou. Neffens in wurdfierder fan de brânwacht wie der sprake fan 'vliegvuur': stikjes fjoer dy't fuortfleane.

Doe't ús kameraman oankaam yn Hylpen, wie it fjoer al sa goed as út:

Der wie net ien mear yn it gebou. Minsken yn de buert waarden oproppen om helpferlieners de romte te jaan. Neffens de brânwacht wie der sprake fan in 'grutte brân'.

Brânwachtploegen út Starum, Warkum, Boalsert, Parregea en Bakhuzen wiene oproppen foar de brân.

Om kertier oer njoggenen hinne hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle. Neffens de brânwacht is der út foarsoarch opskaald nei 'grutte brân', yn ferbân mei it 'vliegvuur', en om genôch wetter te krijen.

De brânwacht lit witte dat de skea beheind bleaun is ta it leechsteande gebou. Dat kin as ferlern beskôge wurde.

Trefwurden: 
brân Hylpen
(Advertinsje)
(Advertinsje)