Tûzen minsken by stille tocht foar Lisette Elzinga (26) op It Hearrenfean

Sa'n 1000 minsken ha op It Hearrenfean meirûn yn in stille tocht foar Lisette Elzinga, dy't op 26-jierrige leeftiid om it libben kaam, neidat plysjes har 'in zeer zorgwekkende toestand' oantroffen hiene yn in wenning.
Sjoch hjir nei bylden fan de tocht:
De tocht wie organisearre "om stil te staan bij het veel te korte leven van Lisette". Neffens de oprop dy't online dield is, moast it in tocht wurde mei "liefde, warmte en lichtjes; want een lichtpunt is zij voor iedereen geweest".
Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie der by. Hy seit dat de tocht 'yn serene sfear' ferrûn is. Minsken wie frege om in ljochtsje mei te nimmen, mar fanwege it strieminne waar wie it in optocht fan paraplu's.
Harkje nei de oangripende reportaazje fan Hayo Bootsma
Foarôfgeand oan de stille tocht, yn de spielende rein, hie boargemaster Van der Zwan in koart boadskip út namme fan de famylje.
"Het aantal condoleancekaarten is bijna niet meer te tellen. Zo'n klein blijk van medeleven doet ons heel erg goed."
De dea fan de frou soarget foar ûnrêst op It Hearenfean. Der geane nammen rûn fan minsken dy't wat te krijen ha soene mei de dea fan de frou. Boargemaster Van der Zwan rôp earder al mei klam op om net mei te gean mei "al die wilde verhalen".
Hoe't it slachtoffer yn de wenning oantroffen is, en wat har tastân 'zeer zorgwekkend' makke, wol de plysje net sizze. De plysje is tige weromhâldend mei it nei bûten bringen fan feiten. In plysjesjef sei ôfrûne moandei noch dat der noch folop ûndersyk dien wurdt nei de deadsoarsaak.
De plysje melde earder al dat der toksikologysk ûndersyk dien wurdt. Dat betsjut dat der sjoen wurdt oft der drugs, alkohol, medisinen of oare stoffen werom te finen binne yn it lichem fan Lisette, dy't mooglik in rol spile ha by it ferstjerren. It kin wiken duorje foardat dat ûndersyk klear is.
Boargemaster Van der Zwan sei in pear wurden út namme fan de famylje:
Der is ien man oanholden, dy't harddrugs foarhannen hân ha soe. "Gedurende het onderzoek naar de doodsoorzaak van Lisette hebben we feiten geconstateerd die tot deze aanhouding hebben geleid", sei plysjesjef Marjolein Wildeman moandei. De man is yntusken frijlitten. Hy is noch wol fertochte.