Bestjoerder ûngelok yn Surhuzum wie ûnder ynfloed fan drugs

01 nov 2021 - 09:37

By in iensidich ûngelok yn Surhuzum binne trije minsken ferwûne rekke. De bestjoerder fan de auto wie ûnder ynfloed fan drugs. Dat meldt de plysje.

Foto: Noordernieuws

De trije slachtoffers sieten allegearre yn deselde auto. Alle slachtoffers binne nei it sikehûs brocht.

De bestjoerder wie in man fan 27 jier út de gemeente Achtkarspelen. De twa oare slachtoffers komme ek út dy gemeente. Sy binne elk 22 jier.

It liket derop dat de auto tsjin in blombak oan botst is. De plysje seit dat der neat bekend is oer de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
plysje ûngelok Surhuzum
(Advertinsje)
(Advertinsje)