Leerdam is Kok wer te fluch ôf, Bergsma baas op 10 kilometer

Jorrit Bergsma hat sneintemiddei de Nederlânske titel op de 10.000 meter wûn. De reedrider fan Aldeboarn die dat yn in nij kampioenskipsrekôr fan 12.39,67.
© Orange Pictures
Bergsma starte yn de foarlêste rit tsjin Marwin Talsma fan Grou. Dat wie eksakt it selde duel as in jier lyn, doe't Bergsma de titel like te winnen. Hy waard lykwols diskwalifisearre fanwegen it hinderjen fan syn tsjinstanner op de krusing. De titel gie doe nei Talsma.

Kampioenskipsrekôr

Mei Patrick Roest en Marcel Bosker noch yn de lêste rit moast Bergsma in goede tiid delsette. De Fries like fuort te gean op it skema fan syn eigen persoanlik rekôr (12.37,72). Dat slagge krekt net, mar Bergsma ferbettere wol it kampioenskipsrekôr nei 12.39,67.
Talsma folge op grutte ôfstân mei 12.50,91. Dêrmei ried er wol in nij persoanlik rekôr.
Yn de slotrit kamen Roest en Bosker net yn de buert fan de tiid fan Bergsma. Roest gie mei 12.48,05 wol ûnder de tiid fan Talsma en pakte dêrmei it sulver. It brûns gie nei Talsma.

Kramer profitearret

Sven Kramer hie him ôfmeld foar de 10.000 meter, mar hy kin bliid wêze mei de útslach, want hy hat der wol in ticket fertsjinne foar de wrâldbeker.
Dat ticket soe eins gean nei de nûmer ien of twa, mar trochdat Bergsma en Roest beide al in ticket hiene, gong it nei de nûmer fiif fan de fiif kilometer, en dat wie Kramer.

Utslach 10.000 meter

1. Jorrit Bergsma 12.39,67 (KR)
2. Patrick Roest 12.48,05
3. Marwin Talsma 12.50,91 (PR)
4. Marcel Bosker 13.04,26
5. Victor Ramler 13.05,66 (PR)

Leerdam klasse apart

Femke Kok pakte op de 1.000 meter by de froulju foar de twadde kear dit wykein in sulveren medalje. Mei 1.14,16 wie in goede sekonde stadiger as winneres Jutta Leerdam, dy't in nij baanrekôr ried (1.13,15). Op de 500 meter moast Kok de titel ek al oan Leerdam litte.
© Orange Pictures
Yn totaal giene fjouwer fan de fiif wrâldbekerstartplakken op dizze ôfstân nei Friezinnen, want de top fiif waard kompleet makke troch respektyflik Ireen Wüst (1.14,42), Marrit Fledderus (1.14,70) en Antoinette de Jong (1.14,76).
Michelle de Jong, dy't op de 500 meter noch it brûns pakte, stelde no teloar mei in trettjinde plak yn 1.15,70.

Utslach 1.000 meter froulju

1. Jutta Leerdam 1.13,15 (BR)
2. Femke Kok 1.14,16
3. Ireen Wüst 1.14,42
4. Marrit Fledderus 1.14,70 (PR)
5. Antoinette de Jong 1.14,76
7. Letitia de Jong 1.15,25
9. Helga Drost 1.15,36 (PR)
12. Myrthe de Boer 1.15,51 (PR)
13. Michelle de Jong 1.15,70
15. Marijke Groenewoud 1.15,90
21. Kim Talsma 1.17,24 (PR)

Gjin ticket foar Anema

De 5.000 meter by de froulju wie foar Reina Anema de lêste kâns om har te kwalifisearjen foar it wrâldbekersirkwy. De reedrydster fan De Gordyk moast har dêrfoar by de earste twa ride.
Reina Anema op it NK ôfstannen © Orange Pictures
Al direkt nei har rit wie dúdlik dat dat net slagge wie. De Friezinne sette 7.05,62 op it boerd en dat wie op dat stuit al de tredde tiid. Doe moasten der noch seis froulju yn aksje komme.
De titel op de langste ôfstân by de froulju gie, krekt as op de 3.000 meter, nei Irene Schouten yn in nij baanrekôr fan 6.45,69. It sulver gie nei Sanne in 't Hof fan Gewest Fryslân yn 6.57,63 en it brûns wie foar Carlijn Achtereekte mei 7.00,50.
Sjoch hjir nei de reaksje fan Reina Anema:
It twadde plak fan In 't Hof hat grutte gefolgen foar Ireen Wüst. De reedrydster fan It Hearrenfean rekket dêrtroch har startplak op de wrâldbekers kwyt op de 3.000 en 5.000 meter.
Wüst waard op sneon fiifde op de 3.000 meter. Dat plak is allinnich goed foar in wrâldbekerticket as de nûmer ien en twa fan de 5.000 meter ek by de earste fjouwer op de 3.000 meter sitte. In 't Hof waard lykwols njoggende op dy ôfstân.

Utslach 5.000 meter froulju

1. Irene Schouten 6.45,69 (BR) (PR)
2. Sanne in 't Hof 6.57,63 (PR)
3. Carlijn Achtereekte 7.00,50
4. Joy Beune 7.01,91
5. Melissa Wijfje 7.02,68
9. Reina Anema 7.05,62

Fryske PR's

Op de 1.000 meter spilen de Friezen in rol yn de efterhoede. Wol rieden se alle fjouwer in nij persoanlik rekôr. Tjerk de Boer fan Weidum waard 11e yn 1.09,14, Tim Prins fan De Jouwer waard 12e yn 1.09,15, Jur Veenje fan Garyp waard 20e yn 1.10,87 en Gert Wierda fan Burdaard waard 21e yn 1.10,95.
It goud op de 1.000 meter gie nei Kai Verbij yn 1.07,69. Hein Otterspeer pakte it sulver mei in tiid fan 1.07,82 en de brûnzen plak wie mei 1.07,97 foar Thomas Krol.

Utslach 1.000 meter manlju

1. Kai Verbij 1.07,69
2. Hein Otterspeer 1.07,82
3. Thomas Krol 1.07,87
4. Kjeld Nuis 1.07,88
5. Merijn Scheperkamp 1.08,10 (PR)
11. Tjerk de Boer 1.09,14 (PR)
12. Tim Prins 1.09,15 (PR)
20. Jur Veenje 1.10,87 (PR)
21. Gert Wierda 1.10,95 (PR)

Hattrick foar Schouten

Op it it lêste ûnderdiel fan it NK ôfstannen, de mass start, waard der troch Fryslân noch ien medalje ferovere. Marijke Groenewoud fan Hallum waard dêr twadde. Irene Schouten pakte de titel en makke dêrmei har hattrick kompleet. It brûns wie foar Evelien Vijn.
De 22-jierrige Homme Jan de Groot fan Hilaard wie op it achtste plak de bêste Fries by de manlju. Dêr gie de titel nei Bart Hoolwerf. It sulver wie foar Jan Blokhuijsen en it brûns foar Victor Ramler.