Shorttracksters winne ôflossing by wrâldbeker yn Japan

De Nederlânske shorttrackfroulju hawwe yn it Japanske Nagoya goud wûn op de ôflossing. Suzanne Schulting, Yara van Kerkhof, Xandra Velzeboer en Selma Poutsma lieten yn de race oer trije kilometer Súd-Korea en Italië achter harren.
Suzanne Schulting, in moanne ferlyn op It Hearrefean © ANP
Foar Schulting is it har tredde medaille yn Nagoya. Earder wûn se goud op de 1500 meter en sulver op de 1000 meter.
Dochs begûn de dei min foar Schulting. Yn de heale finale fan de mingde ôflossing ried se fier foar de rest út doe't se foel. De ploech moast dêrom de B-finale ride. Dy waard oertsjûge wûn troch de kombinaasje Schulting, Itzhak de Laat, Selma Poutsma en Jens van 't Woud.
De Nederlânske manlju ûntbrutsen yn de finale fan de ôflossing. Dat hie te krijen mei in diskwalifikaasje fan Itzhak de Laat yn de heale finale.