Jukema: "Doarpen moatte rezjy krije oer eigen ljochtfoarsjenning"

Yn doarpen en stêden moatte de ynwenners wer de rezjy krije oer de eigen ljochtfoarsjenning. Dat is de grutte winsk fan arsjitekt en ambassadeur fan de nacht Nynke Rixt Jukema fan Mantgum. Al jierren striidt sy tsjin ljochtfersmoarging. Mar it liket wol oft al dy jierren striid kwalik wat opsmiten hawwe.
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Yn it tsjuster is in soad te sjen

As de eagen wend binne oan it tsjuster, sjochst troch de lûken fan de fûgelsjochhutte Skrins yn de greiden by Easterlittens de kontoeren fan de kij dy't dêr omstappe. Op de eftergrûn hearst guozzen foarby fleanen. "Dit is sa moai", seit Nynke Rixt Jukema. "Ast in kertier yn it tsjuster stiest, binne dyn eagen al sa oanpast datst in hiel soad sjen kinst. Dan hast faaks gjin ljocht nedich."
We sjogge út op Ljouwert. Yn 'e midden fan Fryslân is dat ien fan de grutste ljochtboarnen. "Mar ek dêr, dêr sjochst Snits, dêr It Hearrenfean en oan de oare kant mei helder waar ek Drachten", seit Jukema. "Dochs is dit op de nachtkaarten noch hieltyd it tsjusterste stikje Fryslân.
Natuurgebied Skrins bij nacht © Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

It kin bêst wat minder

Dat kin better, fynt de arsjitekt. Al jierren is se dwaande minsken en oerheden derfan te oertsjûgjen dat it bêst wat minder kin. "Ik wol net teloarsteld oerkomme, mar it sjit hjir net echt op. It probleem yn Nederlân is dat alles te bot organisearre is. We hawwe net mear de direkte ferbinging mei dy ljochtknop. Dy wurdt no tefolle sintraal oanstjoerd en net út de doarpen sels wei."
Yn oare lannen giet dat oars. As foarbyld sjocht Jukema graach oer de grins, nei Dútslân bygelyks. "Dêr stiet by ien op de tsien à fyftjin minsken in lampepeal. Hjir is dan ien op de fiif. Dêr hat elk doarp syn eigen ljochtbelied. It gefolch is dat ien op de trije de lampen útset. Dan makkest grutte stappen."
Yn Nederlân spilet de ekonomy in belangrike rol. De kassen soargje foar ljochtútstjit en foar bygelyks ljochtreklame. Dan is der ek noch it LED-ljocht. Jukema: "Dat brûkt folle minder enerzjy en dus brûke we folle mear ljocht."

Ynbrekkers hawwe ek ljocht nedich

It argumint feiligens kloppet neffens Jukema ek net. "Minsken sizze datst ljocht nedich hast om ynbrekkers op te kearen. Mar ynbrekkers hawwe ek ljocht nedich. Dy falle folle mear op as se mei in lampe yn in folslein tsjustere omjouwing besykje yn te brekken."
Hoewol't se net entûsjast is oer hoe't it no giet, bliuwt se al striidfeardich. Se wol natoerorganisaasjes derfan oertsjûgje ek yn de nacht gebieten iepen te stellen: "Dan kinne minsken dêr belibje hoe't dat is. Dat se it hearre en belibje. Dat is ek goed foar de sûnens. De nacht is goed foar ús. We moatte minsken derta bewege folle mear nei bûten te gean om dêr te genietsjen fan nacht en alles wat dêrby heart."