Noarderljocht te sjen yn Fryslân

Op ferskate plakken yn Noard-Nederlân koe yn de nacht fan sneon op snein it noarderljocht sjoen wurde. It bêste gie dat troch de lins fan in kamera mei langere slutingstiid. Der kamen ûnder oare meldingen fan Skiermûntseach, Skylge en Noard-Fryslân.
Sjoch hjir nei it noarderljocht op Skylge:
Dat it noarderljocht sels yn Nederlân te sjen wie, komt neffens waarburo Weer.nl troch in grutte sinneútbarsting. Dy wie op de ierde rjochte en dertroch giene in soad laden dieltsjes rjochting ierde. As dy botse op molekulen yn de atmosfear krije se mear enerzjy en om wer de normale steat fan enerzjy te krijen, wurdt it omset yn noarderljocht.
Fierder rjochting de noardpoal wie it noarderljocht in spektakel. Dêr wie de loft grien en pears. Yn Nederlân gie it om mear reade kleuren.