Schulting by wrâldbeker yn Nagoya ferslein op de 1000 meter

Shorttrackster Suzanne Schulting fan It Hearrenfean hat foar it earst yn langere tiid gjin goud behelle op in ynternasjonale 1000 meter-wedstriid. De 24-jierrige waard by de wrâldbeker yn it Japanske Nagoya ferslein troch de Amerikaanse Kristen Santos. Se einige as twadde.
© ANP
De olympysk kampioene fan Pyeongchang 2018 op de 1000 meter wûn ferline wike by de start fan de wrâldbeker yn Peking noch 'har' ôfstân. Schulting is ynternasjonaal op de 1000 meter al in skoft in klasse apart. Yn de Japanske stêd Nagoya kaam in ein oan har rige fan oerwinningen op dy ôfstân.
Xandra Velzeboer pakte sneintemoarn yn Japan mei it brûns har earste yndividuele wrâldbekermedalje.