Roosje Hylpen no offisjeel Hôfleveransier

Roosje Hylpen is no offisjeel 'Hofleverancier'. It bedriuw is spesjalisearre yn it meitsjen fan âlde Hylper keunst en it hânmeitsjen en beskilderjen fan meubels. It predikaat waard útrikt troch kommissaris fan de Kening Arno Brok.
Roosje Hylpen is no offisjeel Hofleveransier:
Mei rjocht kin Roosje Hylpen de titel drage. Al yn de 19de iuw kocht keninginne Emma in prikslide, kochten de 'Friese dames' in folslein keamermeubel foar de berte fan prinses Beatrix en wie it letter ûnder oare ek prins Willem-Alexander dy't in bernestoel leverje liet.

In kroan op it wurk

Eigener Titus Stallmann is grutsk: "Untsettend, ja. It is sa moai dat myn heit it ek meilbelibje kin. Dat makket it echt hiel bysûnder." Yn desimber 2020 wie al dúdlik dat it predikaat komme soe. Troch corona waarden de festiviteiten útsteld oant no. "Dat hat ek in foardiel", seit Stallmann. "No ha we it buordsje ek echt oan de muorre hingjen."
Foar Stallmann is it in kroan op it wurk: "We binne in bedriuw dat sels meubels makket en beskilderet. Arend Roosje is it bedriuw yn 1894 begûn mei de gedachte dat it ien net sûnder it oar kin. Ik tink ek dat we it dêrom krigen ha. Dy kombinaasje, as echt Hylper produkt."
Roosje is it 27ste Fryske bedriuw dat it predikaat 'Hofleverancier' kriget.