Wintertiid: Minsken yn de meldkeamer wurkje in oere ekstra

De oankommende nacht, fan sneon op snein, begjint de wintertiid wer. Om 03.00 oere wurdt de klok in oere efterút set. De nacht duorret dus in oere langer.
In plysjeman yn de meldkeamer fan Drachten © ANP
De meldkeamer fan de plysje meldt dat de sintralisten dy't fannacht om trije oere tsjinst ha, in oere langer wurkje moatte yn ferbân mei it yngean fan de wintertiid.
Bussen en treinen fan ferfiersbedriuw Arriva ride de hiele nacht noch neffens de simmertiid. De sneinsregeling giet neffens de wintertiid.
© Omrop Fryslân
De wintertiid is de standerttiid. Nederlân hat sûnt 1977 simmer- en wintertiid.